Foarútsjen mei Reitse: sûn en lokkich âld wurde: hieltyd mear doarpen wurde bloeisône

Yn de earste wike fan it nije jier sjogge presintator Miranda Werkman en telefyzjekok Reitse Spanninga mei gasten foarút op it nije jier. Yn de fjirde ôflevering prate se mei Elbrich Nauta en Sanne van de Kamp oer bloeisônes.
Nei in ynspirearjende lêzing oer bloeisônes yn Fryslân wie doarpsbelang De Fjouwer Doarpen (Rien, Itens, Hinnaard, Lytsewierrum) gau om: sy wolle graach bloeisône wurde. Elbrich Nauta fan doarpsbelang fertelt oer de plannen. De kommende wiken sille se mei de bewenners yn petear oer wat de ideeën binne.
Elbrich Nauta © Omrop Fryslân
De earste jûn hat al west, yn Rien. Bewenners dêr fertelden oer harren winsken foar mear grien, in elektryske dielauto en it idee om in barbecue te organisearjen foar de nije ynwenners is fuort al konkreet makke. Yn bloeisônes giet it om aktyf boargerskip, aktyf ûntspanne, sûn wenje, sûne mobiliteit, sûn iten, berikber grien en sûne finânsjes.
Sanne van de Kamp © Omrop Fryslân
Op ferskate plakken yn de wrâld besteane de saneamde blue zones. Dêr wurde minsken sûner en lokkiger âlder. Der is ûndersyk dien nei hoe't dat kin en mei dy útkomsten binne der hieltyd mear doarpen en wiken yn Fryslân dy't ek bloeisône wurde wolle, sa't it hjir hjit.
Neffens Sanne van de Kamp fan HANNN (Healthy aging network Noord Nederland) is Fryslân hjir tige geskikt foar: der is al in ryk ferieningslibben en de minsken kenne inoar. Net dat hiel Fryslân bloeisône wurde moat, mar it idee is wol dat it him as in oaljeplak oer de provinsje ferspriedt. HANNN begeliedt doarpen en wiken dy't bloeisône wurde wolle, ferbynt, dielt kunde op dit mêd en helpt mei it oanfreegjen fan jild.
Jennifer Plein © Omrop Fryslân
Bakkefean is de earste bloeisône fan Fryslân. Húsdokter Joan Brouwers seach dat in soad fan de pasjinten klachten hawwe dy't relatearre binne oan de libbensstyl. It hiele konsept fan blue zones spruts har oan en mei in groep bewenners gie se yn 2016 oan de slach mei Bloeizone Bakkeveen.
De sûnenstesten lieten sjen dat minsken dy't meidogge yn trochsneed trije kilo kwyt reitsje, en twa en in heale sintimeter oan taille-omfang ferlieze. Ek nimme yn in moanne klachten as pineholle, stress en wurgens ôf, neffens ûndersyk fan de RUG. Dat sit him yn it brede konsept fan bloeisône: in reden om fan bêd te kommen, sosjaal kontakt, bewege yn de bûtenlucht, sûner ite en it leafst fan eigen grûn,

Kapstôk

Elbrich Nauta fan doarpsbelang De Fjouwer Doarpen tinkt dat it hiele konsept fan bloeisône ek prima past yn de nije doarpsfisy. Dat it in kapstôk is om in hiel soad problemen mei oan te pakken lykas de fergrizing fan it doarp. It rike ferieningslibben dat er al is kin sa ek in nije ympuls krije.
Dêrneist is it ek bot fan belang om te sjen nei wat der al is, seit Sanne van de Kamp fan HANNN. Want der bart faak al folle mear as dat minsken yn 'e gaten ha. En, sa seit se, dit is net wat dat klear is op in bepaald momint. Dit is in wize fan libjen, dat trochgiet fan generaasje op generaasje.
Reitse en Miranda sjogge foarút © Omrop Fryslan
Alle dagen om 17.19 oere sjogge telefyzjekok Reitse Spanninga en presintator Miranda Werkman yn it programma 'Foarútsjen mei Reitse' foarút op in nij jier. Dat dogge se yn har pop-up restaurant yn de Recycle Boulevard, mei ferskate gasten oan tafel en yn de keuken.