Twa Fryske fjoerwurkslachtoffers op spoedeaskjende help jonger as 12 jier

© ANP
Fan de tolve fjoerwurkslachtoffers dy't dit jier yn Fryslân op de spoedeaskjende help bedarren, binne twa jonger as 12 jier. Ientsje wie tusken de 12 en 15 jier.
Dat docht bliken út ûndersyk fan VeiligheidNL yn gearwurking mei de Nederlandse Vereniging van Spoedeisende Hulp Artsen, InEen (feriening fan organisaasjes foar earstelynssoarch, lykas húsdoktersposten) en de Nederlandse Vereniging voor Traumachirurgie.
Yn totaal wienen der yn Fryslân tolve fjoerwurkslachtoffers dy't nei de spoedeaskjende help moasten. Dat wie likefolle as in jier lyn, mar wol mear as yn de jierren dêrfoar: yn 2019/2020 wienen der sân slachtoffers, yn 2020/2021 seis.
Fiif fan de tolve slachtoffers kamen binnen by sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean. Fjouwer gongen nei it MCL (Ljouwert), twa nei it Antonius (Snits) en ien nei Nij Smellinghe (Drachten).

Lanlik wol mear

Lanlik wie wol sprake fan in flinke taname fan fjoerwurkslachtoffers op de spoedeaskjende help: fan 256 nei 389. Yn 2020 lei it tal slachtoffers noch leger, doe wienen it der 108. De lege oantallen fan de ôfrûne twa jierren is te ferklearjen út it feit dat der doe in fjoerwurkferbod wie. By de lêste 'gewoane' jierwiksel wienen der lanlik sawat likefolle slachtoffers op de spoedeaskjende help as dit jier.
Noch folle mear slachtoffers kamen terjochte by de húsdokterspost. Lanlik wienen dat der 864. Dat is fergelykber mei de 900 fan 2019/2020 en folle mear as de ôfrûne twa jier (257 en 517). Fan de slachtoffers by de húsdokterspost binne der gjin regionale sifers, dus it is net bekend hoefolle dêrfan't der yn Fryslân wienen.