Grutte ferkearskontrôle op A32 tusken It Hearrenfean en Wolvegea

Plysjekontrôle op it parkearplak by it tankstasjon op de A32 © Omrop Fryslân
By in grutte plysjekontrôle op de A32 tusken It Hearrenfean en Wolvegea hat de plysje tongersdei tsientallen boeten útdield. Minsken rieden te hurd, hienen gjin gurdle om of rieden mei de telefoan yn de hân. De kontrôle is betocht en organisearre troch in plysje-agint yn oplieding.
200 aginten en meiwurkers fan de belestingtsjinst, de RDW, de dûane, justysje, mar ek de GGD rinne om op de twa parkearplakken lâns de A32 tusken It Hearrenfean en Wolvegea.
Neffens de plysje binne der hûnderten minsken kontrolearre. Der binne meardere oanhâldingen dien, der binne drugs yn beslach naam, in auto yn beslach naam en in iepensteand bedrach ynbard. Fierder binne der tsientallen boeten útdield.

Rydgedrach en steat fan de auto

Auto's en buskes wurde fan de dyk helle troch motoraginten of plysjes yn opfallende of ûnopfallende auto's. "We kijken vooral naar hoe mensen zich gedragen in het verkeer, maar ook naar de staat van de auto", seit Sam, dy't net mei efternamme sitearre wurde wol.
Hy is de plysjestudint dy't de kontrôle betocht en opset hat. "Verder kijken we ook naar aanhangwagens; of alles goed vastzit en voldoet aan de regels." Dêrneist steane der ek kentekenkamera's. Sa kinne minsken opspoard wurde dy't noch boeten útstean hawwe.
Yn totaal binne der 161 bekeuringen útskreaun. De plysje hat meardere minsken oanholden by de kontrôle. Alve bestjoerders rieden mooglik ûnder ynfloed. By de kontrôle binne meardere stek -en slachwapens yn beslach naam. Fierder waard der by guon bestjoerders drugs oantroffen, ek dat is yn beslach naam. Yn ien auto gie it om in grutte hoemannichte. De bestjoerder fan dy auto is oanholden.
Der wurdt ûnder mear sjoen nei de lading en oft dy neffens de regels ferfierd wurdt © Omrop Fryslân
Ien buske mei oanhinger stiet oan de kant en wurdt kontrolearre. Op de karre lizze stikken beton. De sjauffeur fynt dat it wol kin: "Die dingen zijn loeizwaar." De aginten dy't derby steane, binne helder: it moat efteryn it buske of der moat in net oerhinne. Op de karre stekt materiaal út. "Dat hebben we gemeten en het kan", seit de byrider.
As it mjitlint derby helle wurdt, docht bliken dat it 30 sintimeter te folle útstekt. Dan moat der offisjeel in boerd oan hingje. De mannen meie him opskowe sadat dy binnen de regels falt.
Dêrnjonken besiket in sjauffeur in diskusje fan in agint te winnen oer it yn de hân hâlden fan in telefoan. Neffens him mei dat as hy op in parkearplak rydt, mar de agint is net te fermurvjen en de boete wurdt útskreaun. It is net syn lêste: hy kriget der noch in pear. Foar in pear oare fergripen kriget de sjauffeur in warskôging.

Moaie put foar de studinten

"Dit is toch prachtig, als je dit zo ziet", seit Sam. "Het idee was een verkeerscontrole op te zetten voor studenten aan het begin en einde van hun opleiding. Om ze samen te laten werken en van elkaar te laten leren. Dat dan weer in combinatie met alle andere instanties die hierbij zijn."
It is in ûnderwerp dat him lûkt. "Ik vind verkeer ontzettend leuk en ook criminele activiteiten zijn interessant. Dat is hier te combineren."

Drugs yn it ferkear

Nei noch gjin oere is it eigentlike doel fan Sam al berikt: "Het laten samenwerken van deze 200 mensen. Ze leren van elkaar, zien elkaar. De eerste opbrengst is er al."
Dat binne net allinnich boeten. Der binne fuort al fiif minken pakt foar riden ûnder ynfloed. "Het gaat om drugs in het verkeer. Naast de blaastest doen we ook een speekseltest. Als iemand in het weekend geblowd heeft, kan het er nu nog in zitten."