Dûkers oproppen foar auto yn it wetter by A6 op De Lemmer

De auto wurdt út it wetter takele © ProNews
De brânwacht hat tongersdeitejûn in auto út it wetter takele by de A6 op De Lemmer. Dûkers fan de brânwacht waarden oproppen om te sjen oft der noch minsken yn de auto sieten, mar dat wie net it gefal.
Hoefolle minsken yn de auto sieten doe't dy fan de dyk rekke en oft der ferwûnen fallen binne, is net bekend.
Woansdei barden der ek al twa ûngelokken op de A6: der kantele in frachtwein mei sinesapels en meloenen en yn de file dy't dêrop ûntstie, wie der in ûngelok mei meardere auto's. Ien persoan rekke dêrby slim ferwûne.