Frou út Appelskea slim ferwûne by ûngelok yn Drinte

© Shutterstock.com (robert coolen)
By in ûngelok op de N381 by Beilen (Drinte) is freedtemoarn in frou út Appelskea slim ferwûne rekke. Dat meldt de plysje.
De 20-jierrige frou siet yn ien fan de twa auto's dy't belutsen wienen by it ûngelok. Dat gebeurde om likernôch 7.00 oere. De frou is mei slim letsel oerbrocht nei it sikehûs.
Oer de tadracht fan it ûngelok kin de plysje noch neat sizze, dat wurdt noch ûndersocht.