Deinum en Dronryp wolle âlde tsjinstregeling werom: "Ien ekstra stop is net genôch"

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De doarpsbelangen fan Deinum en Dronryp wolle de âlde treintsjinstregeling tusken Ljouwert en Harns Haven werom. Arriva hat dan wol besletten om moarns in kear ekstra by de beide doarpen stil te stean, mar dat is neffens de doarpen perfoarst net genôch.
Sûnt de ynfiering fan de nije tsjinstregeling, ôfrûne desimber, docht Arriva de stasjons Deinum en Dronryp noch mar ien kear yn 'e oere oan. Dat wie altyd twa kear. De nije tsjinstregeling rôp in soad protest op: by reizgers, by doarpsbelangen en ek by de polityk.
Nei oerlis mei de pleatslik belangen is de ferfierder de doarpen no yn 'e mjitte kaam mei ien ekstra stop om sân oere moarns. Better as neat, mar noch altyd fierstente min, fynt Remko Visser fan it doarpsbelang fan Deinum. "Us útgongspunt is gewoan dat we de oarspronklike tsjinstregeling weromkrije."
It stasjon fan Deinum © Omrop Fryslân, Joris Kalma
"We zitten nog in een tijdelijke situatie", seit Martin Haarman fan pleatslik belang Dronryp. "De dienstregeling is nog niet volledig hersteld, maar we zijn in ieder geval blij dat we één extra spitstrein hebben nu."
Visser fynt de ekstra stop in moai gebear fan de ferfierder. "It lit ek sjen dat Arriva echt wol meitinke wol", seit er. "Mar we ha hiel dúdlik west nei benammen de provinsje dat we dochs wol hiel graach werom wolle, fanôf yn elk gefal 10 april, nei de oarspronklike tsjinstregeling. Der sit foar ús net safolle tusken."

Personielstekoart

Neffens Arriva kinne der net mear treinen ynset wurde, omdat der net genôch personiel is. "It leafst ha wy gewoan in soart unifoarme tsjinstregeling dy't dúdlik is foar it grutste part fan ús reizgers", seit wurdfierder Jacoba Hoeksma fan Arriva. "Dêrom hâlde we safolle mooglik konsekwint in tsjinstregeling oan dy't de hiele dei helber is. Mar sa'n maatwurkoplossing as yn dit gefal is hartstikke moai yn oerlis."
Haarman sjocht dochs it leafst dat de âlde konsesje wer ynfierd wurdt. "Waarbij elk half uur gereden wordt. Maar dat kan niet met de huidige bezetting van machinisten en met de huidige situatie van de dienst."
De doarpsbelangen binne noch mei provinsje yn petear. Ek is Arriva dwaande mei it oplieden fan nije masinisten, seit Haarman. Hy hopet dat de âlde tsjinstregeling yn de rin fan de maitiid wer jilde sil.