Foarútsjen mei Reitse: Cambuur kin net wachtsje op it nije stadion

Yn de earste wike fan it nije jier sjogge presintator Miranda Werkman en telefyzjekok Reitse Spanninga mei gasten foarút op it nije jier. Yn de fiifde ôflevering prate se mei Dirk Visser en Fedrik Houtstra oer Cambuur.
Dirk Visser is fanatyk supporter en foar him begjint de wedstriid al as er op de fyts ûnderweis giet nei it stadion, dat no noch oan it Cambuurplein sit, midden yn in folkswyk. It is dêrmei ek ien fan de lêste stadions dy't noch sa midden yn de wyk sit.
Dirk Visser © Omrop Fryslân
Hy hat der alle betrouwen yn dat dy typyske Cambuursfear aanst ek yn dat nije stadion te finen wêze sil. Mei troch de fjouwerkante bou. Dêr komme dan, lykas no, tribunen op noard, west, súd en east.
Boppedat komme de tribunen oant de gersmatte ta, lykas se yn de Ingelske stadions hawwe. Ymponearjend foar de tsjinstanners, laket er.
Fedrik Houtstra © Omrop Fryslân
Fedrik Houtstra is haad jongereinoplieding by Cambuur. Foar de jonge spilers is it prachtich as se aanst yn dat nije stadion fuotbalje kinne. Op echt gers. Der wurdt sûnt simmer ferline jier folop boud foar it WTC en de Elfstedenhal oer, it plak fan it nije stadion.

Mear romte

Persoanlik sjocht Houtstra út nei mear romte. Oan it Cambuurplein is elts hoekje dêr't je sitte kinne altyd beset. ROC Friese Poort krijt aanst plak yn it nije stadion en der binne ek mear kommersjele romten dy't de klup ferhiere kin.
Al mei al jout de hiele nijbou in grutte ekonomyske ympuls oan it hiele WTC-gebiet. De nijbou jout aanst plak oan 15.000 supporters yn stee fan de 10.250 no.
Reitse en Miranda sjogge foarút © Omrop Fryslan
De klup giet derfan út dat der nei de winterstop fan takom jier foar it earst spile wurde kin. Wat soe it moai wêze as dat dan tsjin sc Hearrenfean is, dreamt Dirk Visser. Hy hoecht dan net mear op de fyts. Hy kin der dan rinnende hinne, sa tichtby wennet er aanst by syn klup.
Dizze wike alle dagen om 17.19 oere sjogge telefyzjekok Reitse Spanninga en presintator Miranda Werkman yn it programma 'Foarútsjen mei Reitse' foarút op in nij jier. Dat dogge se yn har pop-uprestaurant yn de Recycle Boulevard, mei ferskate gasten oan tafel en yn de keuken.