Brêge Twellingea hat nij asfalt en is wer iepen, fytsoerstekplak by Pontdyk

It asfaltearringswurk by Twellingea © Rijkswaterstaat
It asfaltearringswurk op de brêge by Twellingea is klear, sa meldt Rykswettersteat. De brêge wie ticht foar it wurk, mar is no wer iepene. De situaasje bliuwt foarearst dat mar ien rydstripe iepen is.
It ferkear moat dus noch hieltyd om en om mei ferkearsljochten oer de brêge, om nije skea oan it brêgedek foar te kommen.
Op fersyk fan gemeente Súdwest-Fryslân is op de t-splitsing foar de brêge in krús op de dyk ferve, om derfoar te soargjen dat dit stikje dyk frij bliuwt by eventuele file, om de trochstreaming fan it ferkear te stimulearjen. Sa kinne auto's fan de Horsewei (Boarnsweach) wat makliker troch.

Fytsers Pontdyk

Dit wykein pleatst Rykswettersteat by de Aldewei ek ferkearsljochten, op 'e hichte fan de Pontdyk. Dat is it plak dêr't in soad fytsers de dyk oerstekke, ûnder oare learlingen út Langwar. Der is in drukknop foar de fytsers, sa't dy de dyk feiliger oerstekke kinne.