Vitale Waddenkust oerweldige troch belangstelling foar Waadgids-kursus

Wierum oan it Waad © Shutterstock.com (Steve Photography)
Der is folle mear belangstelling om gids te wurden yn it Waadgebiet, as dat Stichting Vitale Waddenkust yn 't foar tocht hie. Yn in koart skoftke hawwe al mear as 60 minsken har opjûn foar in kursus.
De 'Gouden gidsencursus' set 14 jannewaris útein, yn gearwurking mei de Waadferiening en It Fryske Gea. Der binne ek noch tal fan oare partners oansletten, lykas Waadrâne, Staten & Stinsen en Historische Vereniging Noordoost-Friesland.

Pilot boppe ferwachting

"Wy binne oerweldige troch it oantal oanmeldingen", seit koördinator Sjak Papma. "Ik sliep der wol fan, dat falt noch ta. Mar dit is in pilot en by alles wat je begjinne is it mar ôfwachtsjen hoe't it ferrint."
It rint boppe ferwachting. En dan steane der ek noch in stik as tsien minsken op de wachtlist. Papma leit út dat der in sneonskursus is, mar dat der ek jûnskursussen oanbean wurde, dêr't noch wol wat plak is foar wa't ynteresse hat.
Koördinator Sjak Papma
De kursus hat acht modulen dy't yn fjouwer sneonen of acht jûnen folge wurde kinne. Under oare Meindert Schroor, Goffe Jensma en Josse Pietersma binne oanlutsen as dosinten.

Mear te belibjen by it Waad

Stichting Vitale Waddenkust wol dat der yn de takomst mear te belibjen is yn doarpen lykas Ferwert, Blije, Holwert, Ternaard en Easternijtsjerk. Bygelyks ekskurzjes, oer de doarpen of de natuer. Dêr giet de kursus foar de Waadgidsen dan ek oer: oer it lânskip, de de skiednis en de natuer.
"De gidsen wurde oplaat yn allerhanne foarmen. Lânskip, lânbou, natuer, ús identiteit by de kust. Wy fine it wichtich hoe't wy hjir libje en wenje. As men oer de Waadkust praat, hat men it oer Wrâlderfgoed. Terjochte, want dat is it ek. Mar wy libje hjir ek, dat wolle wy ek útdrage", sa fertelt Papma.

Wrâlderfgoed útdrage

It oanbod moat op ferskate platfoarms te finen wêze. "Wy hawwe VisitWadden, de ynstânsje dy't him as úthingboerd op it Waad konsintrearret. Der is ek in boekingssysteem en wy dogge it yn 'e mande mei It Fryske Gea en de Waadferiening. Dêr kinne je allegearre ekskurzjes en eveneminten fine."
Takom jier moat it projekt echt begjinne, as de earste lichting oplaat is troch it Gouden Gidsen Gilde en de gidsen har kennis oerdrage kinne oan toeristen en omwenners.