De fiskkream yn Stiens moat nei 16 jier ferhúzje, ûndernimmer is poerlilk

Fiskhanneler Kasper Kremer © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Fiskhanneler Kasper Kremer moat fan it sintrumplein yn Stiens ôf. Gemeente Ljouwert wol him op in oar plein yn it doarp ha. Kremer is net te sprekken oer de ferhuzing: "Het is gewoon schandalig."
"Deze meneer wil graag twee kabeljauw hebben", seit Kasper Kremer wylst hy efter de baalje fan syn kreamke stiet. Hy wiist syn wurknimmers op de kuolkast dêr't alle yngrediïnten lizze.
Kremer stiet al 16 jier op it sintrumplein yn Stiens. Alle jieren ferlinget de fiskboer syn fergunning by de gemeente. Doe't it plein yn 2019 ferboud waard, wiene der al soargen foar de fiskboer, mar doe waard sein dat hy trochgean koe. "Dat hadden ze mij mondeling beloofd," seit Kremer.
Mar doe't hy yn novimber by de gemeente kaam, wie syn fergunning net mear jildich nei 1 jannewaris. "Het is niet leuk hoe het is gegaan. Mijn vergunning wordt normaal gesproken per jaar verlengd. Maar dit jaar kreeg ik een telefoontje dat ik op het gemeentehuis moest komen, daar werd mij zonder blikken of blozen verteld dat de vergunning niet verlengd wordt per 1 januari."

Yllegaal

Kremer hâldt efkes op fan praten om in de man foar de baalje syn bestelling te jaan. In plestik pûde fol fisk wurdt mei in swipe oer de toanbank slingere, "Dus ik sta hier nu eigenlijk illegaal. Dat wordt eerst nog gedoogd, maar niet lang meer."
De gemeente krige klachten dat der in soad stankoerlêst wêze soe. By de bou fan it nije kulturele sintrum De Skalm kaam Kremer op in oar plak op it plein te stean. No moat hy hielendal fuort.

Sint Vitusplein

"Ik moest maar naar het Sint Vitusplein, bij de Aldi. Maar dat weiger ik. Hier is het centrum, de levendigheid, de winkeliers willen ook dat ik blijf staan. Ik zorg ook voor levendigheid. Zo ga je niet met mensen om."
Der is al safolle leechstân, fynt Kremer. "Iedereen moet z'n kop boven water zien te houden. Ik vind het schandalig. Dit geeft sfeer en levendigheid, het trekt volk. Dan wil je mij achteraf zetten op een pleintje? Dat gaan we niet doen."
Fiskhanneler Kasper Kremer stiet 'yllegaal' yn Stiens
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie yn Stiens

Politike stipe

Kremer krijt yntusken byfal fan de polityk. De FNP fan Ljouwert hopet de saak op it sintrumplein hâlde te kinnen. "Yn ús eagen is it maklik op te lossen. Yn 2019 hat it kolleezje in tasizzing dien dat de fiskboer en de blommekiosk in plak op of om it plein krije. Yn prinsipe moat de gemeente him der oan hâlde."
Se ha yn 2019 sels holpen mei de ferbouwing fan de fiskkream, seit er. "Der is in ôffier kommen, ekstra elektrisiteit en in fettonne om de hoeke. No wolle je de bêste man fuort helje, dat kin net."
De FNP wol mooglik yn de takomst stappen sette. "Wy wachtsje earst it petear ôf, der lizze hantekeningen fan de ûndernimmers dy't him yn it sintrum hâlde wolle en Kasper hat in stik by de gemeente lizzen. It kolleezje moat dêr noch antwurd op jaan, dêr hawwe sy in tal wiken de tiid foar. As dat net in goed antwurd is, wolle wy de situaasje op de wurklist fan de gemeenteried hawwe."
De gemeente Ljouwert wie troch omstannichheden net foar in reaksje beskikber.