Stefan van der Pal hellet 96.000 euro op mei syn Alvestêdetriatlon: "Een fantastisch bedrag"

Stefan van der Pal (rjochts) oerlanget de sjek oan John Emmerik © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Stefan van der Pal hat 96.000 euro ophelle mei syn Alvestêdetriatlon fan ferline simmer. Dat is sneon bekend makke. It jild is foar Stichting Semmy om ûndersyk foar bern mei harsenstamkanker te bekostigjen.
"Het is een fantastisch bedrag", seit Stefan van der Pal. "We zijn er heel blij mee."
Yn in wike yn july ferline jier swom er 200 kilometer, dêrnei fytste er de tocht en doe draafde er ek nochris in kear 200 kilometer. Stefan van der Pal wie de earste persoan oait dy't de Alvestêdetriatlon folbrocht.
96.000 euro ophelle om ûndersyk nei harsenstamkanker by bern te bekostigjen
It jild is oerlange oan John Emmerik, oprjochter fan Stichting Semmy en heit fan Semmy. It jonkje wie 5 doe't er yn 2007 stoar oan in tumor yn de harsenstam.
"Door corona zijn we ingeteerd op onze inkomsten, dus dit kunnen we goed gebruiken." Foar nij ûndersyk wie 150.000 euro nedich, dus dit helpt flink. Emmerik is der hiel wiis mei. "Ik krijg er warme en koude gevoelens van. Stefan is voor ons de sportman van het jaar. Wat hij heeft gedaan is fenomenaal."
Stefan van der Pal by de start fan it hurddraven fan syn tocht yn 2022 © Kappers Media
Neist de 96.000 euro giet ek 3.000 euro nei Kika en 3.000 nei Make-a-wish foundation. Dizze bedraggen hat de ultra-atleet yn al 2020 ophelle. Hy soe doe de Alvestêdetocht swimme, mar fanwegen corona koe dat net trochgean.

Noch altyd lêst

Stefan van der Pal fielt him no noch hieltyd net fit. "Het heeft even tijd nodig". Hy wie wiken nei de tocht flink oan it yntarren. "Het heeft wel wat gedaan met mijn lijf." As er no draaft, fernimt er dat noch bot.