Oerrock, mei Goldband en UB40, binnen healoere útferkocht: "It is bizar wat der hjoed barde"

Oerrock © Oerrock
De Nederlânske bands Di-rect en Goldband en sjongeres Davina Michelle stean dit jier op de 22ste edysje fan Oerrock yn Oerterp. En ek de Britske band UB40 stiet op it programma.
Oerrock biedt lykas alle jierren in ferskaat oan bands en sprekt dêrmei in breed publyk oan. Mear as 30 bands komme yn it Himelfeartswykein op it poadium, wêrûnder Son Mieux, Nielson, Navarone, The Vices, Flemming, The Paceshifters en Sloper.
De sneon is, lykas alle jierren, ynromme foar tributebands. Dit jier binne der bands dy't nûmers spylje fan Status Quo, Elvis, The Police, Taylor Swift, Bryan Adams, Mumford & Sons, André Hazes, Bruce Springsteen en Foo Fighters.

Yn rekôrtiid útferkocht

Noch nea giene de kaarten sa gau de doar út: binnen acht minuten wiene de passe-partouts en de kaarten foar de tongersdei útferkocht. Nei in healoere koest gjin tickets mear krije foar de freed en sneon.
"It is bizar wat der hjoed barde", seit bestjoerslid Jorrit Taekema. "Alle jierren ha we in poll oer hoe gau't it útferkocht wêze sil. Der is altyd ien optimist yn ús fermidden, dy't altyd ynset op tsien minuten. Dêr hawwe we altyd wille om, mar dit kear hat er gelokkich wûn", seit Taekema, dy't deroan taheakket dat it rekôr op in oere stie.

Neidiel fan sukses

Dat Oerrock sa gau útferkocht is, betsjut automatysk dat guon te let wiene. "We organisearje it festival om minsken bliid te meitsjen. Dan is it frustrearjend fan minsken te hearren dat minsken sa graach hinne wold hiene. Dat is dan it neidiel fan it sukses."
Fia ús ticketpartner hearden we dat der sa 'n 10.000 minsken yn de wacht stiene. Tsja, dan sille je minsken teloarstelle.
Jorrit Taekema
"We ha yn elts gefal mei spandoeken yn Oerterp en social media safolle mooglik minsken witte litten dat om 12.00 oere hjoed de ferkeap úteinsette."
Mar sels klearsitte efter de kompjûter bea gjin garânsje. "Fia ús ticketpartner hearden we dat der sa 'n 10.000 minsken yn de wacht stiene. Tsja, dan sille je minsken teloarstelle."

UB 40

It ôfrûne jier is in tal bands ophâlden, dat Oerrock gewoanwei yn it fizier hat. Doe Maar, Golden Earring, De Dijk, it binne gjin opsjes mear. En dus moast de organisaasje fierder sjen.
Under mear UB40 waard strikt. "Dy woe graach komme. Mei de orizjinele sjonger. Dat fûn ik ek wichtich, want as je wat boeke, moat it goed wêze. We binne bliid dat se it festival iepenje."

Mei bern nei Oerrock

"We wolle graach in miks fan leeftiden op it poadium hawwe. Alden moatte mei harren bern nei Oerrock komme kinne. De jeugd kin no bygelyks nei Goldband gean, ien fan de populêrste bands yn dy leeftiidsgroep. En Davina Michelle en Di-rect binne altyd goed."
Neffens Taekema jout it enerzjy dat de kaarten sa rap ferkocht waarden. "En dan is it aanst wer saak om de minsken noch blider dan dit jier te meitsjen. Al sil dat noch in hiele útdaging wurde."
Oerrock is op 18, 19 en 20 maaie.