Henk Nijp

De lange earm fan Moskou

logo.ensafh

‘Nee, kin ik jo net bliid mei meitsje op it stuit. As it meisit nije wike wer, mar ik jou gjin garânsje. It binne ûnwisse tiden mei dizze kjeld en de oarloch. Belje nije wike tongersdei mar even wer om te hearren hoe en wat.’ Dat wie it antwurd fan de man efter de servicebaly fan de boumerk dat ik krige op myn fraach oft er my oan in rôle radiatorfoly helpe koe. Se wiene der al lang wer troch, it wie in gekkeboel en it wie hast net te besetten; elkenien like wol dwaande te wêzen om kieren en gatten te stopjen tsjin de gierjende ynflaasje en de grouwélige enerzjyprizen. En ik hoegde it ek net bij oare leveransiers te besykjen, ik soe oeral itselde rideltsje te hearren krije.
Ja, dat koe ik wol begripe, dat wie by ús al krekt-en-gelyk sa. Us kontrakt by de gasboer wie ein oktober ôfrûn en in knappe ferlinging siet der net yn. Ja, wy koene wol klant bliuwe, graach sels, mar it oanbod dat folge raasde oan ’e protters. Dat ik ha se freonlik betanke foar de offerte en de bewiisde tsjinsten fan de ôfrûne trije jier.
Mar doe moast der al in oare enerzjy-oanbieder fûn wurde. Dat is gjin sinekuere kin ik jim wol fertelle, faaks is dy dwaaltocht nochris wat foar in oare kollum. Mar eintsjebeslút ha we dochs in nije ‘provider’ fûn dy’t foar in -dochs wol in gâns heger bedrach as wy wend wiene – gas en stroom leverje koe. Moai dat we fersekere binne fan waarmte en ljocht mar it kin fansels net de bedoeling wêze dat it grutste part fan it húshâldjild yn reek en ljochtskynsel opgiet. Der moast dus ek besunige wurde …. Termostaat mar wat leger, ekstra laachje klean oan, koarter ûnder de dûs (of kâld!), ferwaarmingstsjettel op 60 graden, waarm wetter fan de modulaasje ôf, minder waarm wetter út ’e kraan en wat mear de wettersider brûke, liedingen isolearje… Soe it allegear no echt in soad opsmite?
It grutste euvel is lykwols label F. Alteast dat tink ik. It hûs is fan mids santiger jierren, der sit wilens wol dûbeld glês yn ’e sponningen mar by de bou ha se mar in ferhipt lyts bytsje each hân foar isolaasje. As ik it goed besjoen ha sit der net mear as in foech sentimeter isolaasjguod tsjin de dakplaten en yn’e spou sit inkeld lucht… Wy ornearren dat der wat oan dien wurde moast en gau. Mar wat?
Alle isolaasjejonges ha it smoardrok, sitte folboekt oant yn elk gefal de simmer en guon sels ek oant fier dêrnei. Boppedat dogge ferskate ferhalen oer isolaasje de rûnte. De ien seit ‘dy spou sit der net foar neat, net foltriuuwe!’ In oar wol der pypskom, stien-, glês- dan wol skieppewol, PIR, PUR of XPS yn blaze, oaren selluloaze of himp en in oar noch wer oare rizels. Sis it mar… Under de flier, yn de krûpromte kinne sjips, kerrels, skulpen en faaks ek noch wer oar guod de boel waarm hâlde mar wát helpt dan it bêst?
Om’t de professionals noch lang net beskikber binne moatte wy dus earst sels mar oan ’e bak. First things first! Wat lampepitten ferfange troch LED eksimplaren wie in frij gau te fiksen kluske. Moat der fansels wol in lampe wêze dy’t yn de âlde fitting past en dan is it noch ôfwachtsjen oftst net in nerveus triljend ljochtsje krigest. Mar it is aardich slagge en de measte lampen jouwe no in tige sunich ljocht. En dy pear liedingen op souder wiene ek rillegau foarsjoen fan isolaasjeskom. Kassa!
De foar- en eftergevel fan it hûs komt kwalik in stien oan te pas, it is foar it grutste part hout en glês. Under it rút sitte de radiatoren fan de sintrale ferwaarming. Dy meitsje de wandsjes ûnder it finsterbank dus lekker smout, mar dêr ha wy neat oan, dêr moast dus dy radiatorfoly fan de earste alinea fan dit stikje tsjinoan.
Nei’t ik dy tongersdeis wer belle hie nei de boumerk ha se foar my in rôle foly apart setten sadat ik net wer mei lege hannen nei hûs hoegde. Om’t ik op ’e ien of oare klusside wat lêzen hie oer it fêstsetten fan de foly op de efterkant fan de radiator mei magneetsjes, frege ik myn folyadviseur oft er my dêr ek oan helpe koe. Dat like my de koartste klap; foly op maat knippe, opplakke mei in magneet, klear en …. besunigje mar! No dat hie ik net ret, hoe’t ik der by kaam: de radiator wurket by de graasje fan ferwaarme lucht, lucht moat gelegenheid ha om te sirkulearjen, mei foly op de efterkant wurket dat net! Net dwaan, om de hiele kachel hinne moat lucht komme kinne! Net opslute! Ik wie ferstuivere en oerdondere en blykber ek oertsjûge, it moast tsjin de achterwand. Mei tape. Dûbelsidich tape. Mei de rôle glinsterfoly en tolve meter plaktape gong ik op hûs oan.
Lucht kin by ús (gelokkich mar!) hielendal om ’e kachel hinne komme, mar hy sweeft net. Mei in stikmannich heakken en bûgels sit er oan ‘e wand ferankere. Dêr soe dy foly dus ek omhinne moatte, want ik woe it der al wat kreas efter ha.
Man, man wat in gegriem! Ik hie de hoekjes en gatten foar de radiator-bûgels op myn manier kreas opmetten en oernommen op ’e foly mar dat guod rekt as illestyk alle kanten op. Dat by it opplakken kaam allinne it earste bûgelgat sawat te plak en de oare gatten skoden alle fiif in oare kant op en net ien krekt goed. Sokke foly moat fuortdaliks goed te plak hie ik wol yn ’e rekken want ast te lang wachtest krigest it net mear los en it skuort of de plakkrêft jout it oer.
Mei it wandsje fan nog gjin trije meter lingte ha ik in hiele middei ompield en doe siet it my noch lang net nei ’t sin. It hie wol wat fan mislearre krystfersiering op in ferkeard plak. Ik hie lykwols skjin myn nocht en ha Poetin, op ’e knibbels foar de radiator, noch hertlik tank sein foar dit gemiter.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *