Treinferkear tusken Ljouwert en Zwolle wer opstart nei oanriding mei trekker

© ANP
It treinferkear tusken tusken Ljouwert en Zwolle rydt hjoed wer neffens tsjinstregeling. De skea dy't juster ûntstie by in oanriding tusken in trein en in trekker yn Staphorst is wer makke. Ofrûne nacht binne der spoedreparaasjes dien.
Nei de oanriding justerjûn wie der gjin treinferkear tusken Zwolle en Meppel mear mooglik.
By de botsing rekke net ien ferwûne. Der wie wol skea oan de trein, de trekker en oan it spoar. Oer de oarsaak fan de botsing is noch neat dúdlik.