Plakette foar keunstner Sjoerd de Vries ûntbleate: "Hy mei net fergetten wurde"

De plakette © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Yn de hal fan de Muntflat Lânsicht op It Hearrenfean is sneon in plakette ûntbleate foar keunstner Sjoerd de Vries (1941-2020). De Vries hie op de boppeste etaazje syn atelier.
It is net de meast ynspirearjende omjouwing, it parkearplak foar de flat. Ek de direkte omjouwing fan de flat is net fuort it plak dêr't je it atelier fan ien fan de ferneamdste Fryske keunstners fan de ôfrûne tiid sykje. "It is wat akelich hjir op it parkearplak", seit ek Ernst Bruinsma. Hy is foarsitter fan de Stifting Sjoerd de Vries. "Mar dêr gie it him net om. Hy wurke op de boppeste etaazje. Dêr koe hy de hoarizon sjen. Dêr koe hy yn opgean."
Plakette foar keunstner Sjoerd de Vries ûntbleate

Net ferjitte

Deun njonken de lift dy't hy altyd naam, hinget no de plakette. Om Sjoerd de Vries net te ferjitten. "As stifting dogge wy dêr alle war foar. It is goed om minsken dêr sa no en dan op te wizen. Om sjen te litten dat der in oantal keunstners binne dy't it ferskil makke ha yn Fryslân en dêrbûten. Sjoerd de Vries is dêr ien fan. Litte wy dêr oandacht foar hâlde."

In moai earbetoan

It is in lytse plakette dy't oan de muorre fan de hal hinget. Oan beide siden hinget ek in skilderij fan de keunstner. "Dy sitte goed fêst", seit ien fa de flatbewenners.
Sjoerd de Vries © Omrop Fryslân
De plakette is mooglik makke troch in skinking fan it pear Rolf en Corneel van Hulten út Esch.
Dochter Madzy by de plakette fan har heit Sjoerd de Vries © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De beide dochters fan De Vries, Madzy en Sjorsje, dogge de ûntbleating. "Ik vind het heel mooi dat er een soort eerbetoon komt", seit Sjorsje. Sy reizge as lyts famke geregeld mei har heit mei nei de flat. "Hij heeft hier 30 jaar gewoond en heeft daar mooie werken kunnen maken." Madzy follet oan: "Niet lang na zijn ontslag uit het ziekenhuis Tjongerschans trok hij daar naartoe. Hij heeft er 30 jaar soort van gewoond."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by de ûntbleating