Iuwenâld weet wurdt 'mennobôle' yn Wytmarsum

Christa Bruggenkamp en Jippe Braaksma mei in mennobôle © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Iuwenâld nôt dat mei de menisten oer de hiele wrâld reizge is, wurdt no wer ferboud op it plak dêr't it begûn is: Wytmarsum. Yn de Wytmarsumer mûne wurdt dêr no 'mennobôle' fan makke.
Menno de Vries is de inisjatyfnimmer fan de 'mennobôle'. Hy kaam in pear jier lyn yn kontakt mei in man yn Ohio (Amearika) dy't dêr in âlde weetsoart ferboude: Turkey Red Wheat. It is bekend dat dizze weetsoart earder yn Oekraïne ferboud waard. It is in typysk ferhaal fan de menisten.
Se moasten faak flechtsje en namen op dy flecht siedden mei: weetsied en ek oare nôtsiedden. As se dan in nij plak fûn hiene dêr't se in bestean opbouwe woene, siedden se it sied en koene sa har eigen iten ferbouwe. "Nôt is libben", leit Menno de Vries út. Hy hat him yn dit ferhaal ferdjippe.

Skimmel

De Vries is sels menist en hiel entûsjast oer it sukses fan syn inisjatyf. Yn 2018 ferboude hy foar it earst de Turkey Red Wheat. De opbringst wie noch net om oer nei hûs te skriuwen, want der kaam in skimmel yn de planten. Dat is ek de reden dat der tsjintwurdich spuite wurdt tsjin de skimmel en de opbringst is dan no ek folle grutter.
Maatskip Odinga hat no ek Turkey Red Wheat op it lân stean, sadat der takom hjerst noch mear weet ferwurke wurde kin ta bôle.
Auke Odinga, Doeke Odinga en Menno de Vries by it stik lân mei it ynsiedde weet © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Christa Bruggenkamp is mûnder yn Wytmarsum ûnder de namme 'Mevrouw de Molenaar'. Sy meallet de kerrels fan de weet en dat is echt oar wurk as it meallen fan gewoane weet. "Deze tarwe heeft een hele fijne korrel. Dat maalt anders en dat zorgt ook voor ander meel en bloem", fertelt Bruggenkamp.

Mennobôle

Fan it moal en de blom wurde mennobôlen en mennodúmkes bakt. Dat docht se ûnder yn de mûne dêr't de bakkerij sit. Op freed en sneon bakt Bruggenkamp dêr mei bakker Jippe Braaksma ambachtlike bôle en banket.
De mennobôle dy't fan it oernôt makke wurdt, is in rûne bôle mei in hiel eigen karakter. It is in ambachtlike bôle dy't duorsum makke is troch de tige koarte linen.
Beharkje hjir de reportaazje oer it oernôt en de mennobôle
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.