Taalstrider Bertus Postma (93), earelid fan de Jongfryske Mienskip, ferstoarn

Bertus Postma kriget earespeldsje Jongfryske Mienskip © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Taalstrider Bertus Jans Postma (93) út Bitgummole is ferstoarn. Postma waard yn 2019 útroppen ta earelid fan de Jongfryske Mienskip.
Postma is benammen bekend fan de striid foar de Fryske plaknammen en de Fryske wetternammen. "It is oan jo te tankjen dat it steatejacht no oer de Snitser Mar fart, ek as ús gasten de oare rykstaal sprekke", sei kommissaris fan de Kening Brok tsjin Postma, doe't hy beneamd waard ta earelid fan de Jongfryske Mienskip.
Yn 2012 kaam Postma yn it nijs om't er de Nederlânske nasjonaliteit ôfswarre woe. Postma hie in fersyk by de eardere gemeente Menameradiel yntsjinne om as Fries yn it befolkingsregister opnaam te wurden mei behâld fan syn Nederlânsk steatsboargerskip.
De FNP meldt op Twitter dat Postma út de skroeven wie doe't de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân yn 2021 besleat om de gebietseigen plaknammen wer yn te fieren. De partij skriuwt dat Postma mist wurde sil, syn oanwêzigens en boppe al syn skerpte. 'Ek op lettere leeftyd. Altyd striidber foar de Fryske saak.'