Hessel van Leeuwen fan Stiens helpt yn Oekraïne: "It jout my in gefoel fan gelok"

Hessel van Leeuwen © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De 30-jierrige Hessel van Leeuwen helpt as frijwilliger Oekraynske flechtlingen. Op dit stuit ferbliuwt de Stienzer yn in frijwilligershûs yn Poalen. Hy rydt in pear kear yn de moanne mei helpguod nei ferskillende stêden yn Oekraïne.
Mei âld en nij wie hy efkes thús, mar de plicht ropt en dus gie Van Leeuwen de grins wer oer. Hy tinkt dat er dat ek yn 2023 it hiele jier noch dwaan sil.
Hûn Legolas is mei op reis © Omrop Fryslân
Op dit stuit is Van Leeuwen yn Poalen. Hy hat no twa dagen om út te rêsten en sil dêrnei wer mei helpguod op 'en paad.
Van Leeuwen ferwachtet dat hy noch wol in skoft dêr wenjen en wurkjen bliuwe sil. Wol moat hy sjen oft dit finansjeel mooglik is. It sparjild is net ûneinich. Van Leeuwen hopet dat der miskien sponsors komme dy't him helpe wolle om de minsken yn Oekraïne helpen te bliuwen.
Hessel van Leeuwen oer Oekraine en syn help
Van Leeuwen is ien fan de oprjochters fan de helporganisaasje The Volunteer Housing Initiative, dy't yn maaie oprjochte waard. Dat die hy mei in Amerikaan. It begûn mei it regeljen fan in buske. Doe kaam der in hûs yn Poalen, foar frijwilligers by. Yntusken binne der twa huzen - yn Kiev- en Van Leeuwen is dwaande mei in tredde pân.
Neffens Van Leeuwen wurdt der goed gearwurke en sjoen wêr't it guod it bêste terjochte kin.
Hessel van Leeuwen pakt wer yn © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De situaasje yn Oekraïne is no oars as yn de simmer en hjerst. Der binne mear raketoanfallen en de winter falt yn. Se hawwe in pear kâlde wiken hân. No falt it ta, mar wat jannewaris en febrewaris noch bringe is net dúdlik.
Van Leeuwen en syn hûn út de opfang yn Oekraïne © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Sûnt in pear moanne lyn hat Van Leeuwen in fêste maat op de ritten nei plakken yn Oekraïne. As hy dêr guod hinne bringt, giet hûn Legolas mei him mei. It is ien fan de fjouwerfuotters dy't út in opfang yn Oekraïne komt. Dêr koenen de hûnen net bliuwe.
Hoe raar it ek klinkt: as je der tichterby steane, binne je minder benaud.
Hessel van Leeuwen
Sa'n trije kear yn 'e moanne rydt de Stienzer rjochting Kiev om te helpen. Benaud foar eventuele oanfallen is er net. "Hoe raar it ek klinkt: as je der tichterby steane, binne je minder benaud."
Hy treft hieltyd faker minsken dy't famylje of freonen kwytrekke binne troch de oarloch. "Dat is wol heftich, mar meastentiids hawwe se it oer hiel oare dingen. It libben giet ek gewoan troch."
Minsken binne wiis mei de help en dat docht Van Leeuwen dan ek wer goed. "It jout my in gefoel fan gelok, dat ik wat foar de maatskippij betsjutte kin. Dat is mear wurdich as in goeie karriêre by de bank."
Neffens syn heit en mem is Van Leeuwen feroare troch syn frijwilligerswurk. Se sizze dat harren soan opbloeid is. "Hy is in stik fleuriger. En hoe't er praat oer dizze minsken is moai. Hy is der waarmer weikaam."
Syn âlders binne grutsk op it wurk dat harren soan docht. Oer de gefaren dêr meitsje se har gjin soargen. "Hjir kin dy ek wat oerkomme."
Beppe Jeltje sammelet no ek yn foar Oekraïne. Se wennet njonken de âlders fan Van Leeuwen en hat de garaazje yntusken fol mei guod stean.
Ik bid foar him en jou it yn fertrouwen oer. Ik bid dat syn wurk segene wurdt.
Beppe Jeltje oer Van Leeuwen
It helpferlienen sit Van Leeuwen yn 'e genen. Van Leeuwen syn beppe sammele sels lang lyn guod yn foar Roemenië. Se seit dat se oandien is troch wat har beppesizzer docht, want se fynt it ferskriklik wat der yn Oekraïne bart.
Ek de beppe fan Van Leeuwen is net benaud dat him wat oerkomme sil. "Ik bid foar him en jou it yn fertrouwen oer. Ik bid dat syn wurk segene wurdt."
De garaazje fan beppe stiet fol © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Hessel van Leeuwen oer syn help yn Oekraïne
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.