Boargemaster Rijpstra fan Smellingerlân: ûnwissigens typearret 2023
2023 wurdt in jier fol ûnwissigens. Dat wie ien fan de boadskippen fan boargemaster Jan Rijpstra fan de gemeente Smellingerlân yn syn nijjierstaspraak. Mei goed tûzen ferkochte kaarten wie de resepsje yn de húskeamer fan skouboarch De Lawei útferkocht.
De nijjiersresepsje wie in feest, en krekt dat wie ek de bedoeling fan de gemeente Smellingerlân. Nei twa jier corona mocht der wer dûnse wurde. Boargemaster Rijpstra naam dêryn ek it foartou. Op it poadium, foar in tûzenkoppich publyk, liet de earste boarger syn heupen draaie.
It dûnsjen wie foar Rijpstra ûntspanning, mar der komt in dreech jier oan. "Er is veel onzeker. Ook voor gemeenten is dat het geval. Daar spreken we onderling in Fryslân veel over en proberen ook oplossingen te vinden." Dat giet dan benammen oer earmoed fan de eigen ynwenners. Hoe't de minsken it bêste holpen wurde kinne.
"Wie leidt ons?"
Fandêr ek dat Rijpstra stelt dat der in soad ûnwis is. "Sinds de pandemie is dat weggevallen. Wie leidt ons? Mensen moeten zoeken naar nieuwe wegen en initiatieven. Dat brengt mee dat mensen moeten aanpassen."
Dat se dat kinne hat ek dyselde pandemy goed sjen litten. Mar wat ek dúdlik waard, is de ûnfrede dy't in soad minsken hawwe. Rijpstra: "Ik snap het. Het water staat mensen aan de lippen. Kijk naar de boerenprotesten, dat is volstrekt begrijpelijk. Maar mensen slaan ook door."
Dêrmei doelt Rijpstra op de ferhurding fan de mienskip. "Er wordt veelvuldig aan de deur van de gemeente geklopt met de vraag en soms met een dwingende oproep: "Wilt u dit doen. U moet dat nu gaan regelen!" Mar sa seit Rijpstra: "Uw verwachting is niet mijn verplichting."
Lessen út pandemy
Neffens Rijpstra binne der ek lessen helle út de coronapandemy. Benammen dat de mienskip net 'maakbaar' is en dat paden dy't útstippele binne ek wolris dearinne. "Wij zijn vooral op onszelf teruggeworpen en hebben ervaren wat het is als we iets niet mochten wat we wel wilden. Onvrede, complottheorieën, verstarde opvattingen en niet bereid zijn om te luisteren of compromissen te sluiten."
Rijpstra ropt de Smellingerlanners dan ek op nei inoar te lústerjen. Mar ek om iepen te stean foar nije paden om oplossings te finen foar drege fraachstikken.