Unrêstich nei Cambuur - Volendam, ME ynset op Cambuurplein

De ME op it Cambuurplein © CAMJO media
De ME is nei de thúswedstriid fan SC Cambuur tsjin FC Volendam (0-3) yn aksje kaam om in groep supporters út elkoar te heljen. Tsientallen supporters soenen foar in driigjende sfear soarge ha.
De plysje rôp de supporters, dy't foar it stadion stienen, op om fuort te gean, mar dy joegen dêr gjin gehoar oan. Mei de wapenstôk, hynders en hûnen hat de ME dêrnei de groep nei de Insulindestrjitte dreaun.
De groep helle dêr tegels út de grûn. Der is net mei smiten, want koart dêrnei wie de groep dochs út elkoar.
Under de wedstriid wie it ek al even ûnrêstich. Sa kaam der in supporter it fjild op, dy't derôf helle waard troch de stewards.
Kommentator Geert van Tuinen oer de opskuor yn it stadion ûnder de wedstriid