Emiel Stoffers stapt yn de wrâld fan de skipsbou, mar dat is net foar it earst

Emiel Stoffers by de opnamen fan Skipsbou foar begjinners © Hatogkroller
Salang't der Friezen binne, wurde der al skippen boud. Dit makket de Friezen ta de bêste skipsbouwers fan de wrâld. Op it stuit binne der 100 skipswerven yn Fryslân. Mar wat dogge se dêr eins? Presintator en Hûnekopsjonger Emiel Stoffers, dy't sels yn de skipsbou wurke, lit dat de kommende wiken sjen yn 'Skipsbou foar begjinners'.
Foar syn karriêre as sjonger fan De Hûnekop hat Emiel Stoffers mear as tsien jier yn de skipsbou wurke. Hy wie dêr metaalbewurker foar meardere skipswerven.

Gjin begjinner mear

Skipsbou foar begjinners is de tredde yn de rige fan de 'begjinners' searje. "Benammen oer Buorkje foar begjinners haw ik in soad kompliminten krigen en in protte minsken freegje oft der ek in ferfolch komt", fertelt Emiel. "Mar it like my eins moaier om ek ris in oare sektor te pakken en dan benammen de maritime sektor, om't ik dêr sels yn wurke haw."
Emiel Stoffers oer skipsbou foar begjinners
Mear as tsien jier wurke Emiel yn de skipsbou. Hy wurke foar in útstjoerburo en gie fan de iene nei de oare werf. Dat makket ek dat hy him by de opnamen as in fisk yn it wetter fielde. "Wat skipsbou oanbelanget bin ik fansels gjin begjinner, mar ik fûn it prachtich om wer op de werven te kommen. It wrâldsje is lyts en ik kom in soad âld-kollega's tsjin."
It wurk op de skipsbou hat Emiel in soad brocht. Hy hie as jonge jonge in soad enerzjy en wist net goed wat hy dêr mei moast. It wurk as metaalbewurker holp him en it soarge foar ritme en struktuer. "Ik haw der in hiel soad oan hân en no ek wer fûn ik it hiel noflik om it wurk wer ris te dwaan."
Emiel Stoffers by de opnamen fan Skipsbou foar begjinners © Hatogkroller
It wurk op de skipswerf koe somtiden ientoanich wêze. Under it wurk wie dan ek genôch tiid om nei te tinken en sa kaam it dat in soad teksten fan De Hûnekop-ferskes dêr troch Emiel betocht binne. Benammen it ferske Rûchhouwer slacht bot op it wurk op de skipswerf. Nim bygelyks de sinnen 'Ik bin in rûchhouwer, in rouwdouwer. In hurdkoeter, in skeepsbouwer' en 'Bak 't mar fêst, de brânder is gewillig'.

Skipsbou foar begjinners

Yn tsien ôfleveringen sil Emiel nei tsien ferskillende skipswerven yn Fryslân om in dei mei te helpen en ús sjen te litten wat dêr allegear bart. Laskje, skjirje, fervje, draaie op 'e kraan, farre, rûch wurk en presys wurk. Alles komt foarby.
Skipsbou foar begjinners is fan moandei 9 jannewaris ôf acht wiken te sjen by Omrop Fryslân om 17.15 oere en dêrnei om it heal oere. Ekstra útstjoeringen binne te finen op Omropfryslan.nl, de Omrop-app en YouTube.