Harry van der Molen: "It Keamerwurk hjoed-de-dei is gewoan net te dwaan"

Harry van der Molen © Omrop Fryslân, René Koster
"Der moat écht wat barre yn Den Haag. Der falle no sa'n soad Keamerleden út troch de wurkdruk, dat je stelle kinne dat it Keamerwurk hjoed-de-dei gewoan net mear te dwaan is." Dat stelde CDA'er Harry van der Molen yn it radioprogramma Buro de Vries.
Van der Molen pleitet foar folle mear ûndersteuning foar Keamerleden. "As in minister nei de Keamer komt, nimt er 35 meiwurkers mei. As Keamerlid, moatte wy it mei in heale dwaan. Dat kin net. Op dizze wize is it parlemintêre wurk minsklik sjoen simpelwei net te dwaan, of jo moatte njoggentich persint fan it wurk lizze litte. Dat kin fansels net."
Ek it útwreidzjen fan de Keamer fan 150 nei bygelyks 200 leden, sjocht Van der Molen net fuort as in oplossing. "It giet dêrby om in oanpassing fan de grûnwet en dan binne je samar acht jier fierder. Dan soe ik wichtiger fine om mei in hiel nij kiesstelsel te kommen. Ien wêryn't de kiezer in folle direktere bân hat mei 'harren eigen' fertsjintwurdigers út de regio. Dat soe foar de polityk hiel goed wêze."
De deistige mediahektyk makket 'Den Haag' kompleet gek.
Skiedend Keamerlid Harry van der Molen
Fierder wiisde Van der Molen ek noch op it Dútske parlemintêre systeem. Dêr fergaderje se ôfwikseljend in pear wiken wol en dan wer in pear wiken net. Dat jout elk de kâns om it lân yn te gean en ek noch in bytsje in normaal libben te hawwen foar kontakt mei de efterban.
"It Haachske fergaderritme moat oars. De deistige mediahektyk makket 'Den Haag' kompleet gek", sa konkludearre de skiedende parlemintariër.
Op 1 febrewaris begjint Harry van der Molen as direksjelid fan Firda, it nije Fryske ROC foar middelber beropsûnderwiis, dat ûntstie troch in fúzje tusken Friese Poort en Friesland College.
It hiele petear mei Harry van der Molen yn Buro de Vries