Grins-supporters demonstrearje by Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean

Inkelde Grinssupporters hingje in spandoek op mei de tekst "Is dit wat jullie willen?" © Omrop Fryslân
In lytse groep Grinzer fuotbalfans hat sneintemiddei demonstrearre tsjin de maatregels by de wedstriid sc Hearrenfean tsjin FC Groningen. It protest wie by it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean.
De gemeente Hearrenfean hie tastimming jûn om dêr tusken healwei ienen en healwei twaen te protestearjen. De plysje hie grut ynset om alles yn goede banen te lieden, mar der wienen net in soad demonstranten.
Supporters FC Grins demonstrearje by Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean
De fans fan FC Groningen wienen it der net mei iens dat der mar in beheind tal fans yn it útfak tastien wie. Der wienen al 1.200 kaartsjes ferkocht, mar der mochten mar 600 supporters nei binnen.
Yn reaksje dêrop hawwe Grinzer supportersferieningen besletten om de wedstriid net by te wenjen, mar mei maksimaal 249 supporters te demonstrearjen tsjin it beslút fan de gemeente. Op dy wize wie der gjin fergunning nedich, sa redenearren de Grinssupporters.

Grinsfans yn Grou

In groep fans fan de Grinzer fuotbalklup soe ek yn Grou west ha en dêr in slach troch it doarp makke ha. Neffens online krante De Grouster soe it om sa'n 60 supporters gean.
Boargemaster Tjeerd van der Zwan (rjochts) fan Hearrenfean yn petear mei in Grinssupporter © Omrop Fryslân