Learlingen stride om plak yn finale Lego League

Bern stride foar in plak yn de finale fan de Lego League © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Yn it gebou fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert is it gewoanwei stil yn de wykeinen. Sneon wie dat wol oars: 140 learlingen tusken de 9 en 15 jier strieden foar in plak yn de finale fan de First Lego League yn Delft.
De learlingen moasten in robot meitsje en dy sa programmearje dat dy ferskate dingen dwaan koe en in parkoers ôflizze moast. Ernesto Lemke en Marco ten Hoff fan de LEGO Masters, it telefyzjeprogramma, wienen der ek by. Bern koenen fragen stellen en se fertelden it ien en oar. "Over wat we hebben meegemaakt hoe het bouwen gaat bij het programma, hoe het was om in coronatijd mee te maken." Ek ha se de dielnimmers tips jûn.
Lego League yn Ljouwert
Doel fan de wedstriid is om bern oan te moedigjen om de technyk en technology te ûndersykjen.
De sjuery keas twa winners dy't nei de lanlike finale op 18 maart yn Delft gean. De winners dêrfan meie nei it WK ein april yn Amearika.