De Fûgelhelling yn Oerterp hat noed oer hege enerzjyrekken; kachels stean al út

De Fûgelhelling yn Oerterp © De Fûgelhelling
De kachels steane út en de meiwurkers hawwe in ekstra jas oan, mar dochs kin opfang De Fûgelhelling yn Oerterp de enerzjyrekken amper betelje. De ferwachting is dat dy dit jier 40.000 euro heger útfalt.
De Fûgelhelling fangt troch it jier in grut ferskaat oan bisten op, út Fryslân, Grinslân en Drinte. De 'pasjinten' fariearje fan lysters en seekobben oant flearmûzen en pappegaaidûkers.

Utdaging

Neffens Hetty Sinnema fan de opfang wurdt it in grutte útdaging om de 40.000 euro ekstra te beteljen. "We ha oeral de kachels út, op de kantine nei. Foar de bisten kinne we it aardich opfange, we ha waarmteplaatsjes en waarme kruken, mar foar de minsken it is ôfsjen."
Se hat gjin idee hoe't se dit opfange moat en hopet op stipe fan de polityk. "De normale kosten kinne we prima oan, mar soks as de enerzjyrekken, dêr ha we gjin ynfloed op. Dat oerkomt ús, krekt as dat elkenien dermei te krijen hat."
Se ha ûnder oare waarm wetter nedich om de koaien skjin te meitsjen. "Der lizze al 68 sinnepanielen op it dak, mar dêr rêd ik it ek net mei. Boppedat lizze se der al sa'n tsien jier."
Hetty Sinnema fan De Fûgelhelling