Natuerorganisaasjes en doarp bliuwe efter Holwert oan See stean

In part fan it Holwert oan See-plan © Buro Harro
It Fryske Gea, de Waadferiening en Vogelbescherming Nederland roppe Provinsjale Steaten op om it projekt Holwert oan See te stypjen. In mearderheid fan de ynwenners fan Holwert stiet neffens doarpsbelang ek noch altyd achter de plannen.
Ferline wike waard bekend dat Deputearre Steaten it plan net mear sitten sjogge. Provinsjale Steaten moatte der lykwols noch oer te set.
De natuerorganisaasjes sizze dat Deputearre Steaten har stânpunt net ynhâldlik ûnderboud hawwe. De organisaasjes binne benaud dat it plan sneuvelet as Provinsjale Steaten der ek in streek trochhinne sette wolle. Dêrom hawwe sy in brief skreaun.

Natuer én ekonomy

Sy fine de plannen foar Holwert oan See goed foar de natuer en de ekonomy. It is ûnder oare de bedoeling om binnendyks in mar oan te lizzen mei heech en leech wetter.
Holwert oan See krijt stipe fan natuerorganisaasjes en doarpsbelang
Dat Holwert oan See allinne noch in natuerplan wêze soe dat eltse oansluting mei de werklikheid mist, is neffens de organisaasjes ferkearde byldfoarming. Want natuer en ekonomyske ûntwikkeling soene just hân yn hân kinne.
"Er is een MKBA (maatschappelijke kosten-batenanalyse, red.) laten maken en daaruit blijkt duidelijk dat dit plan plan positief bijdraagt aan de sociaal-economische ontwikkeling", seit Kees de Pater fan Vogelbescherming Nederland. "En het is ook niet alleen maar een natuurplan."
We vinden het heel raar dat de provincie nu lijkt af te haken.
Kees de Pater fan Vogelbescherming Nederland
It beslút om de stipe yn te lûken fernuvere de trije organisaasjes. "We vinden het heel raar dat de provincie nu lijkt af te haken", seit De Pater. Se fine it in 'unyk plan' en wize der ek op dat it plan in fersterking fan de Waaddyk mooglik makke troch it brûken fan de klaai dy't frijkomt by it oanlizzen fan in tijmar.
"Er ligt nu een uitvoerbaar plan met een positief advies van de stuurgroep Holwerd aan Zee, waar de provincie nota bene deel van uitmaakt. De steun nu beëindigen is in de ogen van de natuurorganisaties inconsistent."

Doarpsbelang

Yn Holwert is der ek grutte fernuvering oer it nije stânpunt fan Deputearre Steaten, seit foarsitter Tineke Hoekstra fan doarpsbelang. "Der leit in plan klear dat ûntwikkele wurde kin en der is in hiele protte jild ophelle. Wy begripe der as doarp neat fan hoe't dit projekt no sa'n draai krije kin. Dan kinne je net oars as as doarpsbelang achter dizze manlju stean."
Kommende tongersdei wurdt yn Holwert in bypraatjûn foar minsken út de regio organisearre.