Minister Adema wer troch it stof: 'Hie Keamer better ynformearje moatten'

Minister Piet Adema © ANP Foto
Lânbouminister Piet Adema erkent dat er de Twadde Keamer better op de hichte hâlde moatten hie fan de gong fan saken by de strangere dongregels dêr't Nederlân fan de Europeeske Kommisje oan foldwaan moat.
Hy hie in "oanfoljend sinjaal" jaan moatten oer de soargen dy 't dêroer libben yn Brussel, fynt er achterôf. Dat er dat neiliet, seit er te betreurjen.

Betingsten

De Europeeske Kommisje sette yn septimber definityf in streek troch de útsûnderingsposysje wêrtroch't Nederlânske boeren jierrenlang mear dierlike dong útride mochten as harren kollega's yn oare EU-lidsteaten.
De saneamde derogaasje ferdwynt net ynienen, mar wurdt stadichoan ôfboud, mar dan moat Nederlân wol foldwaan oan in tal betingsten.

Adema wiuwde beswieren earder noch wei

Adema besleat lykwols net alle regels dy't Brussel easke fuortendaliks yn te fieren, mei om't de Twadde Keamer him frege boeren dit jier noch te ûntsjen. By in Keamerdebat op 20 desimber wiuwde Adema beswieren hjirtsjin fan D66-Keamerlid Tjeerd de Groot noch wei.
Hy sei mei de Europeeske Kommisje yn petear te wêzen en dat der "op himsels wat ús oanbelanget op dit stuit gjin reden ta grutte soarch" wie.

Brief

Op dat stuit lei op syn departemint lykwols al in brief dêr't de Europeeske Kommisje him lûdop yn ôffrege oft útstel fan guon maatregels wol yn line wie mei de ôfspraken.
It deistich bestjoer fan de EU warskôge dêryn dat de derogaasje net langer jilde koe as Nederlân de frege maatregels net al per 1 jannewaris 2023 yngean litte soe.
Minister Adema op in byienkomst fan Agractie © ANP Foto
Adema krige dy brief nei eigen sizzen pas nei it debat ûnder eagen. Hy is dêrop begûn teûndersykjen hokker fersnelling mooglik wie om dochs de derogaasje behâlde te kinnen, mar dielde dit net mei de Twadde Keamer.
Ofrûne freed makke hy bekend dat boeren dochs al op 1 maart maatregels nimme moatte om dongfersmoarging fan sleatten en fearten tsjin te gean.

'Minister hoecht net op te stappen'

As it oan boere-organisaasje Agractie leit, hoecht minister Adema net op te stappen fanwege de ûnrêst dy't ûntstien is oer de dongregels. "Foar ús is dat net nedich", seit foarman Bart Kemp.
Adema, dy't yn oktober yn dizze funksje begûn, is einferantwurdlik, mar Agractie mient dat syn foargongers Carola Schouten en Henk Staghouwer earder yn aksje komme moatten hiene. "Je loopt dan al zwaar achter de feiten aan."
De minister moat him woansdeitemiddei ferantwurdzje yn de Twadde Keamer oer de dongregels.