Burgumer (57) krijt twa moannen sel foar oplichting

© ANP
In 57-jierrige Burgumer hat twa moannen sel krigen foar oplichting. Hy hie twa kunden ferteld dat er ferlet fan jild hie om te foarsjen yn libbensûnderhâld.
Mei elkoar giet it om hast fyftichtûzen euro. Hy hie ek likernôch sântûzen euro fan syn styfsoan liend. Dat bedrach is neffens de advokaat yntusken alwer werombetelle.

Libbenswize

Neffens de rjochter hat de man fan oplichting syn libbenswize makke. It Iepenbier Ministearje hie ferline wike trije moannen sel easke, mei nochris trije ûnder betingst.
De straf is leger útfallen. De Burgumer hat twa moannen sel krigen, mei nochris twa moannen ûnder betingst. De straf foel leger út, ûnder oare omdat it al in skoftke lyn wie dat de saak spile.