Wetterskip Fryslân fangt folle mear muskusrotten troch nije metoade E-DNA

Muskusrôt © Shutterstock.com
Wetterskip Fryslân fong it ôfrûne jier folle mear muskusrotten troch de nije metoade E-DNA. Yn 2021 waarden noch 212 muskusrotten oantroffen, mar ferline jier wiene dat der 435.
De muskusrôt is in eksoat dy't fan oarsprong net yn Fryslan foarkomt. De bisten meitsje dammen stikken en ite sa'n soad planten, dat dy driigje út te stjerren.
Foarhinne waard de muskusrôt altyd op in âlderwetske manier fongen mei in koai. Dat skeat net op en dus kaam der in nije útfining, it hypermoderne E-DNA.
Muskusrat
"Daarmee varen we over de sloten en nemen we monsters van het water", seit Niels Koetsier fan Wetterskip Fryslân. "Zo monitoren we of er een muskusrat verstopt zit in het water. We kunnen vervolgens adequater op de beesten reageren."
De muskusrotten wurde benammen by de grins mei Grinslân en Drinte fongen. Troch E-DNA wurde der folle mear muskusrotten fongen en dat soarget foar hegere sifers.

Tsjinhâlde by de grins

"We krijgen daardoor wat een vertekend beeld", seit Koetsier. "Het lijkt alsof we de beesten niet onder controle hebben, maar dat is juist het tegenovergestelde. De meeste hebben we dit jaar ook bij de grens gevangen."
It Wetterskip besiket de muskusrotten dêr tsjin te hâlden, en dat slagget goed neffens Koetsier. "We zijn in Fryslân al in de jaren '90 begonnen met het bestrijden van de muskusrat. In vergelijking met andere provincies is dat vroeg. We plukken daar nu de vruchten van."
It tal fongen muskusrotten yn Fryslân yn 2021 en 2022 © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort