Ljouwerter bouwer fan legerweinen yn opspraak om Sineeske eigener: "Mooglik spionaazje"

Visser BV yn Ljouwert © CAMJO media
It bedriuw Visser BV yn Ljouwert is yn opspraak rekke nei in reportaazje fan RTL 4. Visser BV makket ûnder oare pânserweinen foar Definsje. It bedriuw is yn hannen fan de Sineeske steat en dat betsjut in grut feilichheidsrisiko, sa stelle saakkundigen yn de reportaazje fan RTL 4.
It fan oarsprong Ljouwerter famyljebedriuw is yn 2013 oernommen troch de Sineeske steatsûndernimming CIMC. Sûnt ferline jier stiet in Sineeske bestjoerder oan it haad fan it bedriuw.
Legerweinen fan Visser BV yn Ljouwert © CAMJO media
Sûnt de oername is it bedriuw net screend op de feilichheidseasken dy't jilde yn de definsje-yndustry. Geheime militêre ynformaasje soe sa yn hannen fan Sina komme kinne, sizze de saakkundigen.
De Militaire Inlichtingen- en Veiligheidsdienst (MIVD) warskôget al jierren foar sabotaazje en spionaazje troch Sina.
De VVD hat al keamerfragen steld nei oanlieding fan de RTL4-reportaazje. It bedriuw Visser BV hat fan it ministearje fan Definsje te hearren krigen dat se gjin kommentaar jaan meie.