Koloniën van Weldadigheid krije plak op Canon van Nederland

Deputearre Nelleke Vedelaar en direkteur Friso Visser fan museum De Proefkolonie litte it kanonbuordsje sjen © Lourens Looijenga
De Koloniën van Weldadigheid binne opnaam yn de Canon van Nederland. Dat is in oersjoch fan wichtige mominten en plakken yn de Nederlânske skiednis.
No't de Koloniën van Weldadigheid in plakje krigen hawwe op de kanon, rekkenet direkteur Minne Wiersma fan de Maatschappij van Weldadigheid derop dat it ferhaal oer de koloanjes breder bekend wurde sil.

Boarne foar skiednisboeken

"Yn de skiednisboeken wurdt der oant no ta net in soad oer skreaun. De kanon is in hiele wichtige boarne foar it ûnderwiis en dus ek foar skiednisboeken. Dêrtroch tink ik dat der mear minsken weet fan krije sille."
De koloanjes waarden yn 1818 opset as sosjaal eksperimint om de earmoed te bestriden. Minsken moasten der wurkje, en dan krigen de bern in oplieding.
De Koloniën van Weldadigheid lizze foar it grutste part yn Drinte, mar ek de Oostvierdeparten by Noardwâlde hearre derby. Fierder lizze der noch koloanjes yn België.
"De basis fan de fersoargingssteat leit yn Frederiksoord en omjouwing", stelt Wiersma, "mar hast net ien wit dat. It opfieren yn de kanon helpt enoarm by it fertellen fan dit bysûndere stikje skiednis."
De offisjele oansluting hie tongersdei plak yn museum de Proefkolonie yn Frederiksoord. Deputearre Nelleke Vedelaar en skoalbern fan OBS De Kievitshoek út Wilhelminaoord hawwe de oansluting by de kanon mei it ûntbleatsjen fan in buordsje befêstige.
Yn 2021 krigen de Koloniën van Weldadigheid ek al in UNESCO-wrâlderfgoedstatus. It tal minsken dat in besite bringt oan de koloanjes sit yn de lift. Yn de ôfrûne jierren is it tal besikers mei 500 persint omheechgien, stelt Wiersma.