FryslânDOK: De relaasje tusken sûne boaiem en sûne minsken

De boaiem berikt © Omrop Fryslân
Om mear minsken te stimulearjen biologysk te iten, giet yn de Greidhoeke it pilotprojekt 'Bioregio' fan start. Yn diel 2 fan de FryslânDOK-searje 'De boaiem berikt' giet it oer de relaasje tusken in sûne boaiem en sûne minsken.
FryslânDOK 'De boaiem berikt' - diel 2
Sneon 28 jannewaris 15.30 oere NPO2
Snein 29 jannewaris 13.25 oere NPO2 en om 17:00 oere op Omrop Fryslân telefyzje (alle oeren werhelling)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele. Diel 1 is hjir werom te sjen. Diel trije is te sjen op 4/5 febrewaris.
FryslânDOK besteget yn de rige 'De boaiem berikt' oandacht oan 'Bioregio' en mear fan ditsoarte projekten, om in wei nei foaren te finen. Yn de twadde ôflevering foaral oandacht foar de relaasje tusken in sûne boaiem en sûne minsken.
Want stadichoan steapelje de bewizen har op dat ús ytpatroan liedt ta sterk tanimmende sûnensproblemen en tanimmende kosten yn de sûnenssoarch.
De biologyske buertmerk Eco Erf yn Boalsert © Omrop Fryslân
Dochs bliuwt it oandiel biologyske lânbou noch altyd ûnder de fiif persint stykjen. Salang't de fraach net tanimt, sil it foar de lânbousektor ek dreech wêze om oer te gean op mear biologysk buorkjen.

Biologysk moat 'mainstream'

Om dy situaasje troch te brekken, binne nije inisjativen nedich. Dat is de oertsjûging fan Martien Lankester út Iens. Hy is oplaat ta dokter en hâldt him syn hiele libben lang al dwaande mei it effekt dat iten op de sûnens fan minsken hat. Hy fynt it no heech tiid wurden om biologysk iten 'mainstream' te meitsjen.
Martien Lankester © Omrop Fryslân
Mei it projekt 'Bioregio' wol Lankester sjen wat der nedich is om minsken manmachtich oan it biologysk iten te krijen. In wichtich punt is fansels it priisferskil.
Lankester tinkt dat dat op te lossen is troch konsuminten koarting te jaan op biologyske produkten. Dat soe betelle wurde kinne troch it jild dat besparre wurdt yn de sûnenssoarch, as minsken sûner ite. Mooglik soenen dy minsken ek koarting krije kinne op harren syktekostepreemje.
Martien Lankester yn petear mei BBB-lieder Caroline van der Plas © Omrop Fryslân
Dêrnjonken wol Lankester ûndersykje litte hoe sterk oft de relaasje is tusken sûn iten en sûne minsken. As dy relaasje better oantoand wurde kin, is it foar de soarch ek nijsgjirriger om mei te dwaan oan ditsoarte fan inisjativen. Lankester wol mei alle partijen, fan boeren oant soarchfersekerders, yn petear.
Op 'Us Hôf' yn Sibrandabuorren soargje de minsken sels foar har biologyske iten © Omrop Fryslân
Al yn 1980 stie Martien Lankester oan de basis fan in groepke pioniers: in achttal boeren om Wommels hinne dy't as earsten biologysk-dynamysk begûnen te buorkjen.
Dokumintêremakker Bart Kingma oer dizze FryslânDOK
De boeren waarden destiids nuver oansjoen, mar de measten hawwe it oprêden en hawwe no opfolgers dy't noch altyd biologysk wurkje.
Ien fan harren is Wytze Brandsma fan Boalsert. Hy leaut grif yn de sûnens fan syn suvel, en is derfan oertsjûge dat 'bio' ta in sûner plattelân liedt, dêr't elk fan opknapt, fysyk en mentaal.
Biologysk-dynamyske boer Wytze Brandsma © Omrop Fryslân
Wytze Brandsma en Martien Lankester fertelle harren ferhaal yn diel 2 fan de FryslânDOK-rige 'De boaiem berikt', dy't dit wykein op NPO2 en Omrop Fryslân te sjen is.
Njonken de tv-útstjoering is ek in wiidweidich petear mei Martien Lankester te beharkjen as podcast.
Guon biologyske boeren hâlde hoarnen op de ko © Omrop Fryslân