Begraffenisûndernimmers hawwe drokke moannen achter de rêch

© ANP
It ôfrûne jier binne opnij mear minsken ferstoarn as op grûn fan de prognoazes ferwachte wie. Gryp en corona wurde hjirby neamd as de foarnaamste oarsaken foar de tanimming.
Ut de jiersifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) docht bliken dat yn 2022 sawat 170.000 minsken yn Nederlân ferstoarn binne. Dat is mei 14.500 stjergefallen sa'n 9 persint mear as ferwachte.
De oerstjerte wie mei 13 persint relatyf it heechst by minsken ûnder de 50 jier âld. In grut part fan alle stjergefallen kaam foar by minsken dy't ôfhinklik binne fan langduorjende soarch, bygelyks bewenners fan ferpleechhuzen of soarchynstellingen foar beheinden.

Net signifikant

Neffens húsdokter Karin Groeneveld fan de ôfdieling Fryslân fan de Landelijke Huisartsen Vereniging (LHV) is ek yn Fryslân de oerstjerte tanommen, mar net signifikant. Yn alle gefallen wurdt op it stuit yn dizze sifers gjin reden sjoen om ekstra maatregels te nimmen.
Ek Groeneveld sjocht de grypepidemy en corona as de grutste oarsaken fan de groei. Dêrom wol de LHV de sifers kommende tiid goed yn 'e gaten hâlde.

Personielskrapte

Cisca Keijzer fan Ljouwert hat in partikuliere útfeartfersoarging. Sy hat it de lêste trije moannen fan it ôfrûne jier smoardrok hân. Minsken mei in stjergefal yn eigen rûnte kloppen hieltyd faker by har oan. Benammen omdat de grutte útfeartfersoargers as Dela en Yarden te min personiel hiene.
Utfeartûndernimmer Cisca Keijzer die somtiden fiif à seis útfearten yn 'e wike © Omrop Fryslân
"Normaliter had ik zo'n 75 uitvaarten op jaarbasis", seit Keijzer. "Maar in december was dat opgelopen tot zes uitvaarten per week. De sterfgevallen waarmee ik te maken kreeg, waren niet zozeer door covid veroorzaakt. Maar met name door hartfalen en door kortdurende maar hevige ziektes, zoals kanker. Ook was het opvallend hoeveel van de betrokken sterfgevallen jonger dan 40 jaar waren."

Reorganisaasje

Dat byld wurdt befêstige troch de sifers fan it CBS, en ek wurdfierder Anja Meijer fan Dela befêstiget de wurden fan Keijzer. De útfeartfersekerder hat koartlyn Yarden oernommen. Dy (re)organisaasje hat in soad tiid en enerzjy yn beslach nommen.
"We zagen in december de aanvraag voor uitvaarten met 25 procent toenemen", seit Meijer. "Inderdaad door personeelsgebrek hebben we toen mede een oplossing gezocht in digitale dienstverlening. Onder meer door via Teams de eerste afspraken te maken of via onze website alvast een vragenlijst te laten invullen."

Stabilisaasje

Neffens Meijer is it tal stjergefallen dizze moanne lykwols stabilisearre ta lanlik 120 meldingen deis. Dat oantal korrespondearret neffens har wer mei de ferwachtingen foar dit jier.
Ek Ciska Keijzer hat it wat rêstiger. "Na een piek volgt altijd een dip, gelukkig wel." Dizze wike hat se twa útfearten.