Fryske gemeenten sjogge minder fjoerwurkskea: "Minder brandjes, asfalt gespaard"

Der wie ôfrûne âld en nij minder fjoerwurkskea as it jier derfoar © ANP
By de ôfrûne jierwiksel is flink minder fjoerwurkskea oanrjochte yn Fryslân as it jier derfoar. Yn ferliking mei in jier earder foel de skeapost dit jier goed 50.000 leger út.
Wie it totale skeabedrach in jier lyn noch 192.288 euro, dizze kear koste it reparearjen 140.695 euro. Dat docht bliken út in rûnfraach by de Fryske gemeenten. Allinnich Dantumadiel en Noardeast-Fryslân ha de sifers noch net beskikber. Reden is dat dizze gemeenten de balâns noch opmeitsje moatte.

Ek al wie der in fjoerwurkferbod

Ek nei de ôfrûne jierwiksel waarden gemeenten konfrontearre mei opblaasde konteners, skea oan it weidek of oare fernielingen troch it ôfstekken fan fjoerwurk. Dochs foel it yn de measte Fryske plakken ta, ôfset tsjin it jier derfoar. It ferskil is ek opfallend om't in jier lyn noch in fjoerwurkferbod jilde, fanwegen corona.
Ien fan de gemeenten dêr't de skea flink ôfnaam, is Súdwest-Fryslân. By in earste rûzing nei de jierwiksel waard de skea rûsd op 2.500 en 3.000 euro. In jier earder wie dit sa 'n sân kear heger, nammentlik 21.000 euro.

Jiskebakken en ferkearsbuorden

Yn Eaststellingwerf is de skeapost mei de helte minder wurden: fan 7.500 nei 3.000 euro. En ek op It Hearrenfean waard flink minder fernield mei (yllegaal) fjoerwurk. Ek dêr gie it bedrach ûngefear troch de helte, fan 8.500 euro ferline jier, 4.500 euro dit jier. Benammen de jiskebakken en ferkearsbuorden moasten it ûntjilde, lit de gemeente Hearrenfean witte.
It binne populêre doelwiten by de ôfstekkers fan it fjoerwurk, sa docht bliken út de rûnfraach. Lykas strjitkolken en ûndergrûnske jiskebakken.
Het afdekken van prullenbakken is duurder dan de potentiële schade.
Rob Leemhuis fan gemeente Ljouwert
In jier lyn waard yn Ljouwert mear dien om skea foar te kommen, seit wurdfierder Rob Leemhuis. "Dan werd er bijvoorbeeld rondgereden in de stad om alle 2.000 prullenbakken af te dekken, zodat er geen vuurwerk ingegooid kon worden", seit Leemhuis.
"Maar het is gebleken dat dat werk duurder is dan de potentiële schade. Al heb je er ook dure exemplaren tussen zitten. Wellicht dat we die volgend jaar wel gaan afdekken. Over de putdeksels hebben we ook nog nagedacht, maar die kun je niet vastlassen."
De kosten yn Ljouwert binne sa 'n 16.000 euro. Krekt as it jier derfoar. Boargemaster Buma sei earder al dat hy oer it algemien tefreden wie oer de feiligens by âld en nij. "Ook al zouden de inspanningen rondom de veiligheid eigenlijk niet nodig moeten zijn."

Fernielingen Vensterschool

Yn tsjinstelling ta it grutste part fan de gemeenten is yn Weststellingwerf sprake fan in flinke taname yn fjoerwurkskea: fan 14.300 nei 32.000 euro. Benammen yn Noardwâlde gie it mis. Dêr wie dit jier ûnder oare skea by sportkompleks De Duker en de Vensterschool. By dy lêste lokaasje, in basisskoalle, waard foar 16.000 euro fernield.
Ferline jier wiene de kroegen ticht. In part sil dêrom it fertier yn fjoerwurk socht hawwe.
Nynke Bijlstra fan gemeente Opsterlân
De grutste weromrin yn skea, is de finen yn de gemeente Opsterlân. Dêr keldere it bedrach fan 27.000 euro nei 'mar' 3.000 euro. "It is rêstich ferrûn. Der wiene folle minder brantsjes, dus it asfalt bleau dit kear aardich besparre. Krekt as de ferkearsbuorden en jiskebakken", seit Nynke Bijstra, dy't in idee hat wêrtroch't dit komt.
"Der wie dan wol in fjoerwurkferbod ferline jier, mar minsken hiene doe ek folle minder plak om hinne te gean. Alles wie doe ticht. In part sil dêrom it fertier yn it fjoerwurk socht ha. No koe elk wer de kroech yn."

Minder populêr

Yn Smellingerlân, dêr't de skea weromrûn fan 11.000 nei 9.400 euro, wiene op njoggen plakken fjoerwurkfrije sônes. Sa mocht by it azc Noordereind, it busstasjon en it Raadhuisplein neat ôfstutsen wurde. "We hâlde op dy wize rekken mei bygelyks kwetsbere groepen", seit wurdfierder Peter Boomsma. "It soe goed kinne dat we dat takom jier wer dogge."
Boomsma hat it idee dat dat de populariteit fan fjoerwurk oan it ôfnimmen is. "Yn earste ynstânsje tinkst, it mei dit jier wer, en dus sil de skea fêst tanimme. Mar ik tink dat der in soarte fan bewustwêzen by de minsken ûntstien is. Fjoerwurk ôfstekke kin gewoan tige gefaarlik wêze en it is boppedat skande fan al dat jild."