Grutte ynspeksje by Spannenburch no freed, brêge ferskate kearen koart ticht

De brêge by Spannenburch (argyfbyld) © ANP
Rykswettersteat sil takom freed de feiligens fan de brêge by Spannenburch ynspektearje. Dat soe in wike earder al, mar troch it minne waar koe it doe net trochgean.
Yn gearwurking mei de provinsje en De Fryske Marren is no 20 jannewaris pland, tusken 09.00 en 15.00 oere. De ynspeksje is opdield yn parten: it ôfsluten fan de brêge kin maksimaal in kertier duorje.

Ferkearsstops nedich

De ferkearsstops binne nedich om't ynspekteurs ek ûnder de brêge en yn de houten konstruksje klimme moatte. Dêr wurde bygelyks bouten kontrolearre en eventueel oandraaid of ferfongen. Soks kin allinne as der gjin auto's oer de brêge ride.
Der wurde tekstkarren pleatst mei ynformaasje en op de ynspeksjedei steane der ek ferkearsregelders by de N354.
Troch de problemen yn de Prinses Margriettunnel en de ôfsletten A7 rydt der folle mear ferkear oer Spannenburch. Dêrom is it needsaaklik dat de brêge yngreven kontrolearre wurdt. De brêge is al lang yn minne steat, dêrom is der yn 2018 al in ferbod foar swier frachtferkear ynsteld. De brêge is al yn 1949 boud.