Nije eigeners eardere camping Hanestede yn Noardwâlde moatte hierders skeafergoeding betelje

In caravan op de eardere camping © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Seis hierders fan de eardere camping Hanestede yn Noardwâlde hawwe fan de rjochtbank gelyk krigen yn in saak tsjin de nije eigeners. De rjochter is fan betinken dat de hieroerienkomst troch de nije eigeners net op in korrekte wize opsein is.
"De huurders zijn opeens voor een voldongen feit geplaatst en dat is kwalijk", oardiele de rjochter tiisdei. De nije eigeners moatte de hierders in skeafergoeding fan 6.500 euro betelje.
Hierders krije gelyk yn rjochtsaak oer camping Hanestede
In brief fan de nije eigeners fan camping Hanestede, op 17 jannewaris fan ferline jier, soarge by in groep fêste gasten fan de famyljecamping yn Noardwâlde foar grutte argewaasje. Sa'n 120 húshâldings rekken harren fêste steanplak kwyt, doe't de nije eigeners de ferhier fan al dy plakken opsei.
Op it terrein fan de camping stiet hjir en dêr noch in lege caravan. De ruten binne der faak útslein, it glês leit ferspraat troch de caravan. Dy fernielerij is neffens de rjochtbank de ferantwurdlikens fan de nije eigeners. De caravans dy't der noch wol steane, sille op kosten fan de nije eigeners fuorthelle wurde.

Losse húskes

James van der Velde, ien fan de nije eigeners neamt de situaasje "niet leuk". Efterôf hie hy guon saken miskien wol oars dien. It terrein wurdt omboud nei in rekreaasjekonsept mei losse húskes en sintrale foarsjennings yn it haadgebou, mei ûnder mear in restaurant.
Van der Velde hie der al earder oan begjinne wollen, mar fanwege it proses kaam it wat letter op gong. "Ons streven is dat dit jaar de eerste gasten komen, maar het ziet ernaar uit dat het wordt opgeschoven naar begin volgend jaar." Ek de âlde gasten binne fan herte wolkom, lit Van der Velde witte.
De beide partijen hawwe it skeel mei it beteljen fan de skeafergoeding bylein. "Ik ben blij dat we het nu kunnen afronden en achter ons kunnen laten", slút Van der Velde ôf.