Nijbou foar it Zuyderzee Lyceum op De Lemmer, mar ek in nije lokaasje

In ympresje fan it nije Zuyderzee Lyceum © Architectenbureau BDP
It Zuyderzee Lyceum op De Lemmer krijt in nij skoalgebou. It bouplan is koartlyn goedkard troch it kolleezje fan gemeente De Fryske Marren.
De hoop is dat der takom simmer mei de bou begûn wurde kin, as it bestimmingsplan wizige is en der in oannimmer keazen is. De nije skoalle wurdt sa'n 3.000 kante meter en der kinne sa'n 355 learlingen op.

Alde gebou hast 60 jier âld

It hjoeddeiske gebou oan de Riensingel is yntusken 58 âld en foldocht net mear oan de easken wat duorsumens en ûnderwiiskwaliteit oanbelanget.
It nije gebou wurdt net mear op it gas oansletten en krijt 170 sinnepanielen. VariO Onderwijsgroep en de gemeente hoopje dat de skoalle yn de takomst folslein enerzjyneutraal wurde kin.
De skoalle komt ek op in nije lokaasje oan de Straatweg, oan de oare kant fan de rûnwei. It PAC-gebou dat dêr no noch stiet, wurdt sloopt. De gemeente wurdt eigener fan de grûn.