Ekstra jild foar nijbou Drachtster swimbad: ried Smellingerlân stiet foar it blok

Wethâlder Pieter van der Zwan praat de ried by © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De ried fan Smellingerlân fielt him foar it blok set. Op koarte termyn moat de ried beslute oft se ynstimme mei de nijbou fan swimbad De Welle. Dy falt allinnich folle djoerder út as tocht: 12 miljoen.
De oarsaak leit yn de hegere prizen yn de bou en ûnder oare ek de ynflaasje. De gemeente Smellingerlân hat al yn ûnderhanneling west mei de bouwer, Dijkstra Draisma fan Dokkum en ôfspraken makke dy't de kosten drukke. Mar der moat folle mear jild by as yn 2020 ferwachte waard.
Sa soe it nije bad wurde © Hooper Architects

Grutte druk op riedsleden

De ried waard tiisdeitejûn bypraat oer de nijbou en de hegere kosten. Op 7 febrewaris wol it kolleezje fan boargemaster en wethâlders dat der in beslút oer naam wurdt. Dan is it mooglik om de bou yn 2024 ôf te hawwen. It âlde swimbad is dan sa goed as ôf en benammen de enerzjyrekken wurdt dan in finansjeel risiko foar de gemeente.
Mar krekt dy druk sit de riedsleden heech. Minke de Voor fan koälysjepartij CDA hat grutte twivels: "Ik moat hjir nochris goed oer neitinke. It giet om in soad jild. Miskien moat der sels útstel komme."
Yntze de Vries fan de ELP hat ek grutte fraachtekens. "Der is noch in soad ûnwis." Hy fynt ek dat der in soad druk op set wurdt: "Je moatte sa'n beslút net nimme mei 'stoom en kokend' wetter. Dat is nooit goed. We moatte hjir echt goed neisjen, ek mei in 'second opinion."

"Alles kost geld"

Wethâlder Pieter van der Zwan begrypt dat de riedsleden druk fiele: "We worden geconfronteerd met allerlei omstandigheden in de markt. Dat heeft oorzaken zoals de oorlog in Oekraïne. Dat betekent inderdaad dat we wel een hobbel te nemen hebben. Hobbels waarvan je hoopt dat ze er niet zijn. Alles kost geld."
Dochs is Van der Zwan derfan oertsjûge dat de nijbou de bêste opsje is. Op 7 febrewaris wurdt dúdlik wat de ried echt wol en oft se ree binne de beurs te lûken.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by de gemeenteried