Praatgroep oprjochte foar jongfolwoeksenen mei kanker op It Hearrenfean

Foarsitter Froukje Nijholt fan De Skulp © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Jongfolwoeksenen mei kanker kinne tenei terjochte yn De Skulp op It Hearrenfean foar in praatsje of in harkjend ear. Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat tiisdei de offisjele iepening dien.
De praatgroep is bedoeld foar minsken tusken de 20 en 40. "Wy hienen altyd wol ynrin, mar dat wienen faak 'grize koppen'. Jongfolwoeksenen rinne tsjin oare saken oan as se siik binne. Ik soe folle leaver mei lotgenoaten fan deselde leeftiid by elkoar sitte as mei de grize koppen, dy sitte yn in oare libbensfaze", seit Annie Adema, koördinator fan De Skulp.
Tiisdei wie de offisjele iepening © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Esther Heida hat kanker. Se ûnderskriuwt de wurden fan Adema: "Je loopt tegen hele andere dingen aan dan een ouder iemand, op het gebied van werk, actief zijn, relatie, huisvesting", sommet se op.
De praatgroep is foarearst allinnich op It Hearrenfean. "Mar hoe moai soe it wêze as we daliks yn al ús plakken, yn Drachten, Ljouwert en Snits, in jongfolwoeksenegroep starte kinne", seit Adema.
Boargemaster Tjeerd van der Zwan en Esther Heida