Teleks: Oersetter en skriuwer Harke Bremer (67) ferstoarn

logo.ensafh

Oersetter en skriuwer Harke Bremer is ferline wike tongersdei yn syn wenplak Kampen ferstoarn. Hy is 67 jier wurden.

Yn ‘e mande mei syn stúdzjemaat Jarich Hoekstra sette er yn ‘e jierren santich Asterix de Galjer oer, letter folge in hiele rige oare stripboeken. Neist in oantal Asterix-albums ferfrysken se fiif boeken fan Pieter H. Kuhn oer Kaptein Rob en tolve Tom Poes-boeken fan Marten Toonder.

Benammen yn dy lêste rige foel de grutte taalrykdom en kreativiteit fan it duo op. It slagge harren alle kearen wer om it eptige idioom fan Toonder yn hiel eigen Frysk oer te setten. De ferneamde stoplape fan Bommel ‘als je begrijpt wat ik bedoel’ waard by harren ‘dêr’t ik sa’n wurd om sis’.

Lês fierder by de Ljouwerter Krante

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *