Waaddebat yn Den Haag: tal fan punten op tafel, mar seit it kabinet wat ta?

De Waadsee by Koehoal © ANP
Yn Den Haag is woansdei in wichtich kommisjedebat oer it Waadgebiet. It giet benammen oer in 'Uitvoeringsprogramma', dat alle belutsen oerheden begjin dit jier hoopje fêst te stellen om it Waadgebiet te beskermjen.
Op koarte termyn moat it kabinet knopen trochhakke oer it Waad. Dêr spilet fan alles: ûnienichheid oer stroomkabels, in tichtslykjende fargeul en in weromgong oan fûgels. Tal fan ûnderwerpen kinne op de aginda komme yn it debat, mar de fraach is fansels oft it kabinet tasizzingen docht.
Waaddebat yn Den Haag
Foar Fryslân is it in debat fan belang, dêrom reizgje der ek ferskate bestjoerders en organisaasjes nei Den Haag. De ministers Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en minister Christianne van der Wal foar Natuer en Stikstof binne der út namme fan it kabinet.
Yn septimber stimde dizze minister noch net yn mei it konsept-Uitvoeringsprogramma Waddengebied om't der noch ferskate 'oandachtspunten' wiene.

It jild yn de Waadregio

Ien dêrfan is it finansierjen nei 2026, as it Waadfûns ophâldt as finansjele regeling fan de mienskiplike Waadprovinsjes. It Ryk en de regio soene dêr de mooglikheden foar beprate.
Dêrmei hinget ûnder oare de takomst fan de Waadakademy gear. Oant 2026 krijt it alle jierren noch 1,1 miljoen út it Waadfûns, mar dat hâldt dus op te bestean. Dat wylst de Waadakademy wol in 'ûnôfhinklik kennisregisseur' wurde moat.
Ministers Harbers en Van der Wal binne by it kommisjedebat © ANP
Fierder lizze der ek in oantal dilemma's: bygelyks lânbou fersus natuer by oergongen tusken swiet en sâlt wetter, mar ek de Waadnatuer fersus de berikberens en leefberens yn it Waadgebiet.

Wynparken

Ien fan de ûnderwerpen op tafel is de kabelkwestje op it Waad. It Programma Aansluiting Wind op Zee (PAWOZ) moat ûndersykje watfoar rûten it bêste binne om stroom fan wynparken op see oan te sluten yn de Eemshaven.
It kabinet hopet dat der dit jier fierder wurke wurde kin oan in Milieueffectrapportage en Integrale Effectenanalyse. Dat moat dúdlik meitsje wat de gefolgen binne fan it oanlizzen fan kabels en liedingen troch it Waad.

Farkwestjes

Ek de berikberens fan de Waadeilannen stiet op de aginda. Der is al wol besletten dat de feartsjinsten net desintralisearre wurde nei de provinsje. Dat soe net genôch mearwearde hawwe, wylst it wol kosten en risiko's foar Fryslân opsmite soe.
In grutte kwestje is noch wol de fargeulproblematyk yn 'e rjochting fan It Amelân, dat syn wjerslach hat op it ferfier fan Wagenborg. Baggerjen botst mei natuerregels, mar sûnder it baggerjen komt de befarberheid op termyn yn gefaar.
De fearboat tusken Holwert en It Amelân © ANP
Der sille net fuort minder ôffearten wêze, mar der binne wol soargen op de lange termyn. Yn de twadde helte fan dit jier moat der in advys komme oer de berikberens fan It Amelân.
Der moat dit jier ek besletten wurde oer de haadfarwei Boontjes, tusken Koarnwertersân en Harns. Havenbedriuwen binne benaud dat it útbaggerjen ophâldt, mar dat soe grutte gefolgen hawwe foar de ekonomy. Boppedat soe it ferbreedzjen fan de slûs by Koarnwertersân weismiten jild wêze.

Beliedskader Van der Wal

Minister Van der Wal wurket oan in 'Integraal Beleidskader Natuur Waddenzee', ûnderdiel fan it Uitvoeringsprogramma.
De Fryske Keamerleden Tjeerd de Groot en Harry Bevers hawwe der mei in moasje op oantrune om dy op te stellen mei de natuer as haaddoel, mar mei each foar de leefberens en draachflak. Minsken moatte dêr ek yn de takomst wenje, wurkje en rekreärje kinne, sa is it idee.
In seegersfjild © Omrop Fryslân
It Beleidskader is nedich omdat de natuer ûnder druk stiet. It giet net goed mei de Waadseenatuer. It tal fûgels en fisken nimt ôf, grutte seegersfjilden binne ferdwûn. De natuer en ekonomy binne út balâns, konkludearre Van der Wal.
Van der Wal wurket fia trije spoaren oan it fersterkjen fan de natuer. Mei de Programmatische Aanpak Grote Wateren (it ferbetterjen fan de dynamyk en wetterkwaliteit), troch de komst fan de Beheerautoriteit Waddenzee (bettere en yntegrale gearwurking yn it behear) en it Natura 2000-beheerplan Waddenzee (om soarten yn stân te hâlden).

Optelsom fan gebrûk

Der binne sterke oanwizingen dat just de optelsom fan de ferskate foarmen fan gebrûk derfoar soargje dat it misgiet mei it Waad. Mei it Beleidskader moatte ekology en ekonomy mear yn lykwicht komme.
De minister set ûnder oare wetjouwing yn, op it mêd fan wetter en fiskerij. It moat dúdlik meitsje watfoar aktiviteiten mooglik binne foar ûndernimmers en brûkers fan de Waadsee.

Gjin rjochten foar it Waad

Van der Wal hat ek ûndersocht oft de Waadsee rjochten krije kin, bygelyks yn de Grûnwet. Soks is bygelyks yn Nij-Seelân, Kanada en Ekwador dien mei natuergebieten.
Mar neffens de minister binne dy foarbylden dreech te ferlykjen mei Nederlân en is it dreech fêst te stellen oft it echt in bettere beskerming opsmyt.
De natuer, de ekonomy en de rekreant: allegearre op it Waad te finen © ANP
Boppedat hat it Waad mei de Natura 2000- en UNESCO Wrâlderfgoedstatus al beskerming genôch, sa fynt de minister. Sy hat witte litten net foarstanner te wêzen, in rjochtsstatus soe te 'symboalysk' wêze.

Noch gjin ferklearring

Ein novimber wie der al in regearingskonferinsje tusken Nederlân, Dútslân en Denemarken oer de beskerming fan de Waadsee, wêrfoar't minister Van der Wal nei Dútslân ôfreizge. De bedoeling wie om in 'Ferklearring fan Wilhelmshaven' te tekenjen, mar dar barde úteinlik net om't it Deenske regear noch demisjonêr wie.
Der is wol tasein fierder te wurkjen oan de beskerming fan fûgels, it ûndersykjen fan klimaatferoaringseffekten, de wynparken en de feiligens yn de skipfeart.