'The Travelling Tribe' lûkt troch Portugal, op syk nei aventoer

De húshâlding op reis © Omrop Fryslân
'The Travelling Tribe', sa neame sy harsels. Saakje en har húshâlding ferkochten hûs en hiem yn Drachten. Sy ruilen alles yn foar in camper en foar it aventoer dat har nei Portugal brocht.
Saakje Rindert-Bos groeide op yn Drachten, dêr't sy al in aventoerlike jeugd hie. Eartiids giene sy ek faak mei de optearwein op fakânsje, mar de ultime dream fan Saakje wie in wrâldreis.
Mar ek it gewoane libben kaam op it paad. Mei har man Frank krige sy twa bern en hie sy in bedriuw yn Grins, Monkey Town. "Wy wennen yn Drachten, moai oan it wetter. Mar dochs begûn dy langkoestere dream wer te kribeljen."

It roer om

Dat barde foaral yn de coronatiid. "Doe besleaten wy it roer om te smiten en ús dream efternei te gean. Wy hawwe it hûs en it bedriuw ferkocht en kochten in camper om de grutte wrâld yn te lûken. Op syk nij frijheid en aventoer."
'The Travelling Tribe' © Omrop Fryslân
It wie net samar regele, mar it fielde wol as in goede kar. Sûnt april wennet de húshâlding yn de camper en yn oktober binne sy echt ôfreizge nei oare parten fan Europa.
De bern fûnen it earst wol spannend, mar de jonges binne der no ek oan wend. "Wy wolle graach ús jonges de wrâld sjen litte en yn 'e kunde komme litte mei oare kultueren."

It hûs op tsjillen

It camperaventoer hat har no nei Portugal brocht. "De iene dei sitte wy yn de bergen, de oare dei oan it strân. Wy dogge no frijwilligerswurk en sitte op in buorkerij. De jonges geane nei skoalle, wy dogge wurk bûtendoar."
De camper fielt yntusken al echt as in thús. "Wy hawwe in hûs op tsjillen", seit Saakje.
It hûs op tsjillen © Omrop Fryslân
De beide jonges binne hast 10 en 11 jier. Sy folgje thúsûnderwiis, al is dat noch wol in flinke put. "Mar ús reis is ek ien grutte learskoalle, sy binne yn de natuer en prate safolle mei oare bern."
Op reis oerkomt je fan alles, sa hat ek Saakje ûnderfûn. "Wy hawwe dit jier al trije kear fêstsitten mei de camper." Ien kear koe in trekker de boel loslûke, in oare kear doarde sels in berger it noch net oan. De camper stie deun njonken in mar en koe pas de dei dêrnei loslutsen wurde.
In libben yn de natuer © Omrop Fryslân
De húshâlding stiet net graach op camperplakken, mar it leafst yn de wylde natuer. Saakje en Frank dogge no frijwilligerswurk op in buorkerij, tusken de bergen en it grien.
Saakje mist de famylje en freonen, mar dy kinne je fansels wer opsykje, seit sy. "En dêr hawwe wy goed kontakt mei fia de telefoan." De húshâlding is op ferskate sosjale media te folgjen ûnder de namme The Traveling Tribe.
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?