'Himelfeart-edysje' fan The Passion yn Boalsert en Snits

The Passion Hemelvaart by de wetterpoarte yn Snits © KRO-NCRV
Boalsert en Snits binne it dekôr foar de 'Himelfeart-edysje' fan The Passion, it evenemint fan de KRO-NCRV dat mei de peaskedagen opfierd wurdt.
The Passion is dit jier yn Harns en foar it ferfolch mei Himelfeart is der foar twa oare Fryske stêden keazen. Wethâlder Petra van den Akker fynt it moai dat Súdwest-Fryslân gastgemeente wêze mei en sjocht it as in kâns om sjen te litten hoe moai de gemeente is.
Ferline jier seagen der 1,5 miljoen minsken nei de earste edysje fan The Passion Hemelvaart, opset troch KRO-NCRV en de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.
"Voordat Jezus terug naar de hemel gaat, zendt Hij eerst zijn discipelen uit. Hij geeft hen de opdracht om de wereld in te gaan. Dat is ook de kern van het verhaal dat we met The Passion Hemelvaart willen vertellen', leit Jurjen de Groot fan de tsjerke út.
De organisaasje sil neffens eigen sizzen gebrûk meitsje fan 'ikoanyske lokaasjes' yn Snits en Boalsert. De útstjoering is op 18 maaie op NPO 1 te sjen.