Learlingen skriuwe foar Wikipedia oer Fryske froulju tsjin de ‘gender gap’

In side op Wikipedia oer Atje Keulen-Deelstra © Wikipedia
Learlingen út Burgum en Drachten dogge mei oan it Europeeske projekt WikiWomen. It doel: mear gelikensens op Wikipedia foarinoar krije troch mear biografy-siden oer Fryske froulju te skriuwen.
Yn hast alle talen op Wikipedia is de ferhâlding tusken siden oer manlju en froulju sa'n 80-20 persint. Dat moat oars, fine de learlingen fan HAVOtop Burgum en vwo5 fan it Drachtster Lyceum.

'Gender gap'

De learlingen wurde dus auteurs foar Wikipedia, mei as doel om de saneamde 'gender gap' te tichtsjen. Dêrmei wurdt de ûngelikense posysje tusken manlju en froulju bedoeld.
Projektlieder Welmoed Sjoerdstra fan Afûk wol dat Wikipedia as grutste ensyklopedy fan de wrâld mear de realiteit wjerspegelet. Mei kollega's Lisa Boersma en Stephan Berger en Anna Marije Bloem fan Cedin hat sy it projekt oppakt. It projekt is yn gearwurking mei partners út Fryslân, Ierlân en Baskelân.
By de ôftraap fan it projekt © Afûk
WikiWomen krijt in plak op 'Searje 36', in digitale learmetoade foar it fak Frysk. Mar de biografyen komme op de echte Wikipedia. Dat moat fansels betrouber dien wurde, dus dêrom moatte de boppeboulearlingen ek boarne-ûndersyk dwaan.

Nei Ierlân en Spanje

Yn maart reizget in delegaasje learlingen fan Drachten nei Ierlân om mei learlingen út de oare twa lannen biografyen út te wikseljen. Takom jier is der in twadde gearkomst yn Spanje, dê't Burgumer learlingen hinne reizgje. Ek bringe alle learlingen in besite oan bygelyks in museum, argyf of galery.
In presintaasje by de ôftraap © Afûk