Troch stakingen leit bus- en treinferkear tongersdei en freed foar grut part plat

© Omrop Fryslân
Fakbûn FNV ropt op ta in staking moarn en oermoarn yn it streekferfier. Dat betsjut dat bussen of regionale treinen fan oare maatskippijen as de NS mooglik net ride omdat bussjauffeurs, masinisten en kondukteurs it wurk dellizze.
Ofrûne nacht is ûnderhannele oer in nije cao yn it streekferfier, mar fakbûnen en wurkjouwers kamen der net út. Neffens de FNV wienen it leanbod en de maatregels om de wurkdruk struktureel oan te pakken net foldwaande.
CNV docht nei alle gedachten net direkt mei oaan de staking, hoewol't dit fakbûn mei 2.200 leden by de ov-bedriuwen "inhoudelijk op één lijn" sit mei de FNV. Dat komt om't CNV earst oan leden freegje moat oft se aksjefiere wolle en dy peiling kostet wat tiid.
Earder hienen de fakbûnen warskôge foar in lanlike staking as it cao-oerlis mislearje soe. Under de cao streekferfier falle 13.000 meiwurkers en tûzenen dêrfan binne lid fan it bûn.
De fakbûnen wolle dat it lean fan personiel fan Arriva meibeweecht mei de hege ynflaasje en dat der maatregels naam wurde om de wurkdruk en dêrmei it syktefersom te ferleegjen.
Yn oktober waard ek al staakt yn it streekferfier. Doe ried neffens de wurkjouwers 70 oant 80 prosint fan de bussen.
Ferfierder Arriva warskôget foar fersteuringen yn de tsjinstregeling op tongersdei en freed as gefolch fan de oankundige lanlike stakingen yn it streekferfier.

Advys: sykje oar ferfier

It advys is om gebrûk te meitsjen fan oar ferfier. "Pas op het laatste moment is duidelijk of er ritten uitvallen door de staking. Als dat het geval is, wordt dat zo snel mogelijk verwerkt in alle reisplanners- en apps", meldt Arriva.
Ek Qbuzz advisearret reizgers oar ferfier te sykjen of de reis út te stellen.

Touringcarsjauffeurs stake ek mei

Touringcarsjauffeurs stake ek mei om de easken krêft by te setten foar in nije cao. In soad touringcarsjauffeurs ride bussen dy't ynset wurde yn it streekferfier. Ek dêr is der sprake fan hege wurkdruk en heech syktefersom en kinne sjauffeurs amper rûnkomme fan har lean.
Arrivatrein © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Er is een bovengemiddeld bod gedaan met een loonsverhoging van 8 procent met een looptijd van een jaar en aanvullende maatregelen om de werkdruk te verlagen. Al met al ligt er een pakket met een waarde van 11 procent", seit Tanja Copal fan it VWOV, de organisaasje dy't de wurkjouwers yn it streekferfier fertsjinwurdiget.
Ien sa'n maatregel is it saneamde Generatiepact. "De oudere werknemer werkt 60 procent, krijgt 80 procent betaald en 100 procent pensioen."

Teloarsteld

Neffens Copal is it gjin einbod, mar in lêste foarstel fan de wurkjouwers. "Daarop hebben de vakbonden nee gezegd en ze zijn weggelopen. Daar zijn we teleurgesteld over." Se ha de yntinsje om derút te kommen en wolle graach fierder prate.
Yn coronatiid hie de sektor it dreech, om't der minder reizgers wienen. En no is de stipe fan de oerheid ek ophâlden. De finansjele middels binne net ûneinich.
Wat de impact fan de staking wêze sil, is dreech te foarsizzen. "Acht procent is onvoldoende, want de inflatie zet ver boven de tien procent. En de afgelopen jaren was er loonmatiging. Mensen hebben 15 procent koopkrachtverlies", seit Edwin Kuiper fan it FNV.
Yn it busferfier wurdt tongersdei staakt en as it cao-petear oer de treinen fan 'e middei mislearret, wurdt freed ek staakt yn it treinferkear.
Tanja Copal en Edwin Kuiper