Pleatslike tsjerken wichtich yn krisistiid: "We komen nog bij mensen achter de voordeur"

Klassisdûmny Wim Beekman © Omrop Fryslân
De pleatslike tsjerke spilet in aktive rol by maatskiplike krises, docht bliken út ûndersyk. Klassisdûmny Wim Beekman hie it ferwachte, mar fynt it goed dat it ris foar it fuotljocht komt.
It docht bliken út in lanlik ûndersyk troch Citisens, op inisjatyf fan Actie Kerkbalans, wêrmei't alle jierren jild foar tsjerkewurk ophelle wurdt. Foar it ûndersyk binne hast 4.500 tsjerkegongers ûnderfrege.

Efter de doar

Klassisdûmny Beekman seit dat tsjerken altyd al in wichtige rol yn krisistiden hiene. "Overal waar kerkelijke gemeenten zijn, zijn contactpersonen, wijkbezoekers, ouderlingen, dominees. Misschien is de kerk nog wel een van de weinige instituten in ons land die bij mensen achter de voordeur komt. Dat bezoek werkt ook heel goed."
Dêrom is hy ek te sprekken oer it ûndersyk, al hie er wol foarsizze kinnen wat der út komme soe. "We weten het, maar het komt niet altijd voor het voetlicht wat mensen die actief zijn in een kerk doen voor de samenleving. Dus ik ben blij dat het zo duidelijk naar buiten komt."

Iensumens, flechtlingen, earmoed

Nei famylje en freonen is de tsjerke it earste plak dêr't tsjerkeleden hinne stappe foar stipe. Minsken dy't faker nei tsjerke gean, sykje ek faker dy stipe by de pleatslike tsjerke. It ûndersyk lit sjen dat tsjerken in wichtige taak hawwe om iensumens te bestriden, mar ek yn de flechtlingekrisis en de enerzjy- en earmoedkrisis.
Klassisdûmny Wim Beekman
"Dit is geen verrassing", seit klassisdûmny Beekman. "Ik ga veel Friese kerkenraden langs, dan hebben we het erover. Het valt me op dat gemeenten heel actief zijn in het bezoeken van mensen en het bestrijden van eenzaamheid. Maar in deze tijden van energiearmoede en inflatie maken veel diakenen zich wel zorgen of mensen hun hulp nodig hebben."
Net by alle krises sjogge tsjerkegongers in rol foar de tsjerke weilein, lykas by de stikstof- en coronakrisis. "Wat zulke algemene maatschappelijke problemen betreft, heeft men zoiets van: laat dat de samenleving maar doen. De kerken kijken vooral naar de mensen", seit Beekman.

Stipe en frijwilligerswurk

Sawat 94 persint fan de tsjerkeleden bliuwt de tsjerke ek finansjeel stypjen. Sa'n 21 persint fan de minsken is sels ree om mear te jaan. Fan de leden dy't net mear nei de tsjerke gean, stipet 56 persint noch finansjeel. Opfallend is ek dat in fjirdepart fan de respondinten dy't gjin lid is, dochs ree is om wat te jaan oan in pleatslike tsjerke.
"Zolang de kerken al krimpen, blijkt dat het bedrag dat mensen geven nog altijd groeit", sjocht ek Beekman. Soks jildt ek foar it frijwilligerswurk. "Ook al neemt het kerkbezoek al tientallen jaren af, het aantal vrijwilligers binnen de kerk is nog altijd onverminderd hoog."