Bea Bijlsma (D66) hat muoite mei draai Deputearre Steaten oer Holwert oan See

In ympresje fan Holwert oan See © Provinsje Fryslân
Provinsjale Steaten fan Fryslân nimme op 22 febrewaris in beslút oer it projekt Holwert oan See. Dat hat de agindakommisje fan Provinsjale Steaten woansdeitemoarn besletten. Deputearre Klaas Fokkinga wie derby om ien oar ta te ljochtsjen.
It idee is om it noch foar de ferkiezingen te behanneljen, ek al is der no mar fiif wiken de tiid foar yn stee fan de seis wiken dy't der gewoanwei foar stean. Se wolle it net trochskowe nei in nije steaten om't der dan in soad minsken yn de steaten sitte dy't harren noch hielendal yn it tsjokke dossier ferdjipje moatte.
Agindakommisje Provinsjale Steaten © Omrop Fryslân, Onno Falkena
D66-steatelid Bea Bijlsma hat grutte muoite mei de gong fan saken. De provinsje stie oant no ta altyd fjouwerkant achter Holwert oan See en makket yn har eagen yn in pear wiken tiid in grutte draai mei it negative advys oer it projekt. Neffens it deistich bestjoer fan de provinsje soe it projekt te bot feroare wêze yn fergeliking mei de oanfraach.
Neffens Bijlsma is de gong fan saken skealik foar it betrouwen yn it provinsjaal bestjoer. Sy is dêrom fan betinken dat de provinsje mear tiid nimme moat foar de beslútfoarming oer Holwert oan See.
Bea Bijlsma (D66) © Hoge Noorden / Jacob van Essen
"Neffens my ha we as provinsje altyd it projekt stipe, elkenien fûn it prachtich en makke der goeie sier mei. En doe kamen der wat kritykpunten fan de LTO en it wetterskip. Earder sei de deputearre dat er fol achter it projekt stie, mar juster hie er ynienen in oar stânpunt."
Tal fan ynstânsjes ha yn de rin fan de tiid jild tasein. "As it plan net trochgiet, moat dat jild werom. Dan stean we der as provinsje ek net al te bêst op."

Ferkiezingen

Neffens Bijlsma soe de draai te krijen ha mei it beslút fan LTO en it wetterskip om út it projekt te stappen. "En fansels komme de ferkiezingen deroan. Dat spilet op de achtergrûn ek mei."
It idee is om de kommisjegearkomste yn Noardeast-Fryslân te hâlden. "Lit de minsken mar fertelle wat se fan ús fine. Ik hoopje op in hege opkomst."
Njonken D66 en de FNP stiet ek de Partij van de Arbeid yn Provinsjale Steaten noch hieltyd efter de plannen foar Holwert-oan-See, sa lit steatelid Jaap Stalenburg wite. Ek de sosjaaldemokraten binne tsjin it advys fan Deputearre Steaten om de plannen net fierder út te wurkjen.
Op 1 febrewaris komt der in ynformaasjebyienkomst foar steateleden oer Holwert oan See.
Bea Bijlsma fan D66