Grutte of Jakobinertsjerke moat ôfstjitten wurde: “Dit kan niet zo doorgaan”

De Grutte Tsjerke of Jakobinertsjerke fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De protestantske gemeente yn Ljouwert wol fan de Grutte of Jakobinertsjerke ôf. Dy gemeente moat der no alle jierren 120.000 euro op talizze en dat bedrach wurdt hieltyd grutter.
Der binne no noch sa'n 4.500 leden binnen de protestantske gemeente, mar it oantal leden nimt alle jierren mei fjouwer oant fiif persint ôf. Dat betsjut ek alle jierren minder ynkomsten.
"Dit is een grote zorg. Dit kan zo echt niet doorgaan", seit Daan Postma fan de algemiene tsjerkeried. "De gemeente bestaat ook uit De Fontein en De Schakel. Die kerkgebouwen kunnen we redelijk exploitabel houden, maar de Grote Kerk wordt zo langzamerhand een last voor ons."
De gemeente spilet noch net lang mei de gedachten om de tsjerke fan de hân te dwaan, mar krijt neffens Postma wol hieltyd skerper yn byld dat de tsjerke in grutte soarch oan it wurden is.

It Godshûs wurdt in swiere lêst

De 120.000 euro giet fan de totale ynkomsten fan sa'n 500.000 euro it jier ôf. "Daar moeten we alles van bekostigen. Daarmee is de verhouding wat zoek."
Enerzjykosten, de ferljochting, it ûnderhâld en it skjinmeitsjen fan it tsjerkegebou. "Alle kosten bij elkaar opgeteld, kom je tot dit bedrag. Dat is niet gering. We hebben wel de kachelinstallatie vernieuwd, maar desalniettemin zijn de kosten hoog." Mei eveneminten en konserten falle net genôch ynkomsten byinoar te krijen om it te beteljen.
De Grutte Tsjerke of Jakobinertsjerke fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De gemeente wol it momint foar wêze dat it ferkeard giet. "De afgelopen tijd hebben we kerken verkocht. De Goede Herderkerk, de Fenix, de Adelaar, de Koepelkerk. Kortom: er is al het nodige gesneden. Op dat pad kun je ook niet doorgaan. Al die kerkverkopen hebben ook niet geleid tot een toename van kerkleden."

Yn petear mei Alde Fryske Tsjerken

De tsjerke giet yn petear mei Stichting Alde Fryske Tsjerken om te ûndersykjen oft dy de tsjerke miskien oernimme wol. Dêrmei is it net sein dat soks slagget.
"Maar wel reëel is dat we met hen in gesprek gaan. We zijn bekend met de term bruidsschat. Dat betekent in sommige gevallen dat je over een periode van bijna veertig jaar nog de onderhoudslasten zou moeten betalen, maar dat kunnen wij ook niet. Daarom moeten we in overleg", seit Postma.
As der noch net in oplossing komt, wolle sy yn petear mei de gemeente Ljouwert en de provinsje. "We hebben jaren als protestantse kerk de lasten van deze kerk gedragen, maar het einde daarvan is in zicht. We zullen wat anders moeten bedenken."

Ferantwurdlikens foar de tsjerke

Postma fielt ek de ferantwurdlikens foar de tsjerke. "Het is een van de oudste gebouwen in Leeuwarden, een kerk die voor veel maatschappelijke gebeurtenissen een rol speelt. Een levend gebouw, die een rol in de maatschappij heeft."
De Grote Kerkstraat yn Ljouwert, mei de Jakobinertsjerke © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De tsjerke is in Ryksmonumint, yn de 13e iuw oprjochte as ûnderdiel fan in dominikanekleaster en op 'e nij boud yn de 15e iuw. Yn de tsjerke waard ek in grêfkelder foar de Fryske Nassaus oanlein.
Postma ferwachtet dat in oplossing noch wol moannen duorret. "Maar de commissie die ons financieel helpt, heeft ook gezegd: jullie moeten ingrijpen, maar jullie hebben ook nog wel wat tijd om te beslissen."
Daan Postma fan de algemiene tsjerkeried yn Ljouwert