It is stil yn Aldegea (Smellingerlân), de klokken fan de tsjerke liede net mear

Halbe de Vries en Kor de Haan by de tsjerke fan Aldegea © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De klokken fan de Sint-Agathatsjerke yn Aldegea (Smellingerlân) kinne net mear let wurde. De konstruksje hinget los yn de stoel en moat ferstevige wurden.
"Tink om de holle hear", seit frijwilliger Kor de Haan fan de tsjerke, wylst hy in houten skodoar iepen docht. Efter de doar hingje twa touwen dy't oan de beide klokken fan de tsjerke fêstsitte. "Oan dizze touwen lûke wy alle dagen twa kear, de earste om njoggen oere moarns. Dat dogge wy al jierren, mar no kin dat net mear."

Konstruksje net mear fertroud

De Haan wiist de problemen oan. "Der sit in konstruksje omhinne en dy is net mear fertroud. De klokken sitte der eins in bytsje los yn. As je te hurd oan de klok lûke, komt dy mooglik nei ûnderen. Dat soe fansels in grut probleem wêze, dus wy ha besletten om net mear twa kear deis dy klokken te lieden."
De klokken binne allinnich noch mar op de oere te hearren, want dan slacht in automatysk klokwurk de tiid oan. Dat bart troch mei in hammer op de klokken te slaan. Dat is neffens De Haan gjin probleem. "Dat giet mei in protte minder beweging, dus dat hinderet neat. It lieden kin lykwols net mear."

Drokte by restauraasjebedriuwen

De wurksumheden oan de konstruksje kinne pas yn augustus begjinne. It is drok by de restauraasjebedriuwen. Oant dy tiid docht Aldegea it rêstich oan. "Hjoed wie der in begraffenis en dan moatte je wol wat hearre litte, fyn ik", seit Halbe de Vries.
Hy is ek as frijwilliger by de tsjerke belutsen. "Dus wy hawwe de klokken foarsichtich let. Mar dat kin net te lang en net te hurd, want dan falt dy miskien wol nei ûnderen ta."
De klokken fan Aldegea liede net mear