Wol treinen, mar minder bussen troch staking Arriva op tongersdei

In trein fan Arriva © Omroep Zilt, Simen Hofman
Nettsjinsteande de oankundige stakingen yn it streekferfier ride de Arrivatreinen tongersdei gewoan neffens de tsjinstregeling, dat meldt de ferfierder. Wol falle der nei alle gedachten bussen út.
Moandeitenacht is ûnderhannele oer in nije cao yn it streekferfier, mar fakbûnen en wurkjouwers kamen der net út. Fakbûn FNV rôp dêrom op ta in staking op tongersdei en freed.

'Sykje alternatyf ferfier'

Op it Fryske spoar ferwachtet Arriva dat de treinen tongersdei gewoan ride sille. Foar freed leit dat oars. Arriva advisearret reizgers om dan alternatyf ferfier te sykjen. Arriva wit pas op de dei sels hokker treinen der ride kinne.
Wol treinen, mar minder bussen troch staking Arriva op tongersdei
Minsken dy't tongersdei en freed mei de bus moatte, moatte rekken hâlde mei oerlêst. Arriva ropt minsken op om krekt foar de ôfreis de reisplanner te rieplachtsjen om te sjen oft de bus wol of net rydt.
De buertbussen, opstappers en linetaksys bliuwe wol gewoan riden. Datselde jildt foar de bussen op de Fryske Waadeilannen.